Katalaansktalige winner fan Suns

desimber 2, 2018 15:27

It duo Jansky fan it eilân Mallorca hat de earste priis wûn op Suns, it jierlikse sjongfestival foar lytse talen. Dat waard sneontemiddei hâlden yn it Italiaanske Udine. De publykspriis wie foar de Ladinysk sjongende Martina Lori.

Der wiene dit jier gjin Fryske dielnimmers. Wol die Melissa Meewisse út it Drintske Erica mei. As winner fan it Drèents Liedtiesfestival wie hja ôffurdige foar it Nedersaksyske taalgebiet. Hja song it ferske ‘Wind van Zuud’, mar krige net in priis.

Suns wurdt hâlden sûnt 2015. It festival is de opfolger fan Liet Ynternasjonaal, dat wer ûntstien is út it Fryske Liet. Yn Europa wurde de ôfrûne jierren ferskate nasjonale en ynternasjonale sjongfestivals foar minderheidstalen hâlden, lykas Plattsounds foar it Nedersaksysk yn Dútslân en Riddu Riddu foar it Samysk yn Skandinavië.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer Suns.

desimber 2, 2018 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*