Jildou, studint technyk út Eastermar

desimber 3, 2018 19:13

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy’t wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is studint technyk Jildou (Eastermar).

Yn de ôflevering fan 6 desimber is it safier: de bylden binne klear en kinne yn it Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean delset wurde. Hoe sil it lykje no’t se bûten steane? Jildou (18) is de jongste fan de Froulju fan Fryslân-froulju. Se docht in technyske oplieding en rint staazje by in bedriuw dat spesjalisearre is yn hydraulyk. Presys wat sy aardich fynt. Neffens Jildou soene folle moar famkes in technyske oplieding folgje kinne. By iepen dagen helpt Jildou dan ek altyd mei om famkes oer te streek te lûken.

Fan ’t maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy’t in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr’t in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der fan har in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

desimber 3, 2018 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*