Jild foar fersterking iepenbier ferfier

desimber 7, 2018 07:29 Fernijd

Ferfierder Arriva kriget goed 770.000 euro foar de útfiering fan fjouwer projekten om de kwaliteit fan it Fryske iepenbier ferfier te ferheegjen. De projekten fersterkje de haadstruktuer en soargje foar mear reismooglikheden. Dêrneist wurdt it brânstofferbrûk duorsumer makke. De projekten binne yn de perioade 2019-2022. De resultaten wurde brûkt by de tarieding fan it nije kontrakt foar busferfier. Dat giet yn desimber 2022 yn.

Fan septimber 2019 ôf begjint in pilot, wêrby’t op busline 315 (It Hearrenfean-Grins) yn de spits fjouwer kear yn ‘e oere in bus rydt yn stee fan twa kear. Sa wurdt de drokte op dy busline spraat.

Op de oanskaf fan it Dal-Voordeel-Noord Trein en Busabonnemint krije reizgers koarting. Mei dat abonnemint kinne reizgers yn de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân bûten de spits mei 40% koarting reizgje. Mei dat produkt, dat yn jannewaris 2018 yntrodusearre is, is in earste stap set om nei in noardlike OV-trajektkaart ta te wurkjen.

Fierder ride oant de ein fan it rinnende buskontrakt (2022) 48 bussen op biodisel (HVO). Dêrmei stjit it iepenbier ferfier yn Fryslân 2.000 ton minder CO2 jiers út. As lêste set it projekt ‘Anders roosteren’ útein. Underwiisynstellingen krije in bydrage as se de roasters fan learlingen sa oanpasse dat it yn ‘e spitsoeren minder drok wurdt.

desimber 7, 2018 07:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*