Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen FRYSK!

desimber 31, 2018 13:44

Op sneon 29 desimber wie der in bysûndere kombinaasje fan tinksporten op Tresoar te Ljouwert. It Frysk Histoarysk en Literêr Sintrum Tresoar is foar hiel Nederlân oanwiisd as Kolleksjesintrum foar de Tinksporten.

Yn ien fan ’e sealen fan Tresoar waard de twadde wedstriid spile fan de match om de wrâldtitel ynternasjonaal damjen tusken Roel Boomstra en Alexander Shvartsman. It spul waard kamp.

It publyk dat derop ôfkommen wie, koe meigenietsje fia in skerm mei in live analyze, mar it koe ek in pear sealen fierderop sjen by of meidwaan oan it NK Frysk Damjen mei fiif skiven de spiler (FRYSK!). Dêr spilen tweintich – Fryske likegoed as ynternasjonaal spyljende – tinksporters út binnen- en bûtenlân. Tusken de omlopen troch giene dy fansels ek gauris te buorkjen by de match yn ’e oare seal op Tresoar. In skitterjende kombinaasje dy’t tige ferrykjend wurke!

Siebren Dyk (l) tsjin Jelle Wiersma yn ’e barraazje, Tresoar 29 desimber 2018. Foto Stifting WFD

It toernoai Frysk Damjen op Tresoar hie seis omlopen, en de spilers bleauwen nettsjinsteande it lege tal kampspullen (yn ’e twadde omloop sels gjinien) ticht byinoar. Nei fjouwer omlopen hiene alle spilers al op syn minst in heal puntsje ynleverje moatten (en trochstrings mear). Nei fiif omlopen like it wol beslikke dat ien fan ’e topspilers, Marten Walinga (Waaksens) of Jelle Wiersma (Wommels) de titel opstrike soe, mar ta grutte benijing fan eleknien pleatste haadklassespiler Siebren Dyk út Jorwert him yn ’e lêste omloop noch like heech as beide mannen, dat der moasten op Tresoar ek noch barraazjes spile wurde. Yn dy spullen mei koartere spyltiid koe Dyk it net tsjin syn tsjinstanners hâlde. Dy hellen elkmis 1,5 punt, en moasten dêrnei noch twa spullen dwaan om it masterskip. Earst yn de lêste helle Wiersma it kampioenskip nei him ta. De spanning yn ’e Gysbert Japiksseal fan Tresoar wie om te snijen, en foar alle trije toppers klonk nei de lêste slach in daverjend applaus.

Utslaggen nei 6 omlopen (10 minuten + 10 sekonden Fischer)
1-3 Marten Walinga (4,5), Siebren Dyk (4,5), Jelle Wiersma (4,5)
4-5 Hans Jansen, Taeke Kooistra
6-9 Folkert Groenveld (3,5), Auke Zijlstra, Renaud Braye, Hans Larooij
10 Sietse Nagel (3)
11-14 David Riupassa (2,5), Patrick Casaril (2,5), Hans van Dijk (2,5), Frans Kingma (2,5)
15-19 Bauke Diekstra (2), Dicky van der Meer (2), Herbert Tulleken (2), Liuwe Westra (2), Rindert Walinga (2)
20 Sjoerd Huitema (1,5)

1e barraazje (5+5 Fischer): Wiersma – Dyk (1-0), Dyk – Walinga (0-1), Walinga – Wiersma (0,5-0,5)
2e barraazje (2+2 Fischer): Wiersma – Walinga (0,5-0,5)
3e barraazje (1+1 Fischer): Walinga – Wiersma (0-1)

desimber 31, 2018 13:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.