Jan Willem Zwart: Plestik krystbeam

desimber 15, 2018 20:00

Kollum

Soe der noch in libben wêze sûnder plestik? Plestik dûkt oeral yn ús deistich bestean op. In kûpke mei molke foar yn de kofje, in pûde dêr’t de bôle yn sit, de tsiis ferpakt yn in giele laach fan sêft plestik. De pinnen dêr’t wy mei skriuwe, de auto’s dêr’t wy yn ride, oeral komme wy plestik tsjin. It measte plestik wurdt wer ynsammele om op ’e nij brûkt wurde te kinnen. In oar part wurdt ferbrând. En wer in oar part belânet yn it miljeu. Yn de berm, de marren en de see. Yn it lêste gefal wurdt it plestiksop neamd. Dat sop bestiet net allinnich út de gruttere ôffalstikken plestik, mar ek út mikroskopysk lytse dieltsjes. Sa lyts dat se yn libjende wêzens lykas fisken werom te finen binne. Miskien krije misken sa ek wol plestik yn ’e mage.

foto Jan Willem Zwart

Plestik is in hiel hânsum materiaal. It is oeral foar te brûken. Foar krystbeammen ek. Aloan mear minsken wolle gjin geduvel mear hawwe mei alle jierren op ’e nij in krystbeam foar in protte jild te keapjen. Dy hawwe in plestik krystbeam op ’e souder stean dy’t se samar mei de krystdagen yn ’e keamer sette en fersiere mei krystballen en slingers. Duorsum is dat grif! Jo brûke de plestik krystbeam foar jierren en der hoecht gjin libbene krystbeam foar kweekt en ferfierd te wurden. Sa besjoen is it hawwen fan in plestik krystbeam relatyf duorsum en miljeubewust.

It setten fan krystbeammen is in bysûnder fenomeen. Yn de fyftjinde iuw waarden de earste beammen yn de huzen fan de Dútske adel set. Letter waard dat oernommen troch de Ingelske adel en sa kaam it ek nei Nederlân ta. Yn it earstoan waarden de beammen fersierd mei apels, nuten en kearskes. Letter mei glimmende krystballen. De hillige trije-ienheid, it grien yn tsjustere tiden, it langjen nei in nije maitiid, it binne allegearre symboalyske tinkwizen oer in krystbeam.

De plestik krystbeam hat miskien ek wol in symboalyske wearde yn him. Is it net dat wy duorsum tinke kinne mei in plestik krystbeam? Wy brûke ús guod hieltiten op ’e nij. No liket it boppesteande wol in pleit foar plestik krystbeammen, mar plestik is miskien ek wol in kwestje fan smaak. It giet om de symboalyske wearde fan in plestik krystbeam. Wy libje yn in mienskip dy’t in hiel protte ôffal makket, dat ferdwynt as swalkôffal en plestiksop. De  symbolyk fan de plestik krystbeam seit dat ús guod goed op ’e nij te brûken is. Net allinnich krystbeammen, mar ek gewoan deistich guod. It is goed om soks yn de tsjustere dagen foar krysttiid ris te betinken. Oft it no om in echte spjir, in nordmann of in plestik krystbeam giet!

desimber 15, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.