Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

desimber 19, 2018 18:45

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 21 jannewaris oant en mei 15 febrewaris 2018 subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dy subsydzjeregeling helpt provinsje Fryslân inisjativen út de mienskip wei út te fieren. Yn dizze subsydzjeomgong is goed 1,5 miljoen euro beskikber.

Fryslân tilt op fan ‘e inisjativen. Projekten dy’t earder subsydzje krigen, binne yn folle gong. Fan projekten op it mêd foan duorsumens oant projekten op it mêd fan enerzjy, keunst, kultuer, natuer, foarsjenningen, soarch, sport en rekreaasje.

Projekten yn byld
Ynspiraasje opdwaan foar in projektidee foar eigen doarp, stêd of eilân kin mei de projektekaart fan it IMF. Dêr steane moaie projekten op dy’t stipe binne troch it IMF en dy’t bydrage oan de leefberens. Sjoch op: www.streekwurk.frl/projecten.

Subsydzje oanfreegje
Inisjatyfrike Friezen kinne fan 21 jannewaris oant en mei 15 febrewaris 2018 (17.00 oere) in subsydzje-oanfraach yntsjinje. De projektburo’s fan Streekwurk yn de fiif Fryske regio’s helpe de inisjatyfnimmers graach by it opstellen fan in projektplan en de subsydzje-oanfraach. Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en it oanfreegjen fan subsydzje is te finen op www.streekwurk.frl/IMF.

desimber 19, 2018 18:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.