In rare namme

desimber 22, 2018 07:00 Fernijd

Ferhaal (foar âldere bern)

fan Astrid Damstra

In bytsje boas ferbriek se de ferbining. Ien fan tsjerke hie belle. In bytsje gekoanstekkerich baude se de frou nei: “Wy wolle graach witte ofsto in jonge of in famke bist, om dy op it kamp foar de goede sliepseal yn te dielen.” Duh!

Wat hie se in hekel oan har namme. Ife! Sa sprekke je dat út. En je skriuwe Aoife, A-O-I-F-E. Se skamme har alle kearen wer dea. Wêrom hiene har heit en men har sa neamd? “Sa’n moaie Ierske namme”, sei har mem altyd. “In namme dy’t unyk is. Dêr’t gjin twa fan yn ’e klasse sitte.” Nee, dat wie sa. Wie it mar sa’n feest. No moast se altyd harkje nei guon dy’t sokssawat rôpen as Afke, Oivuh, Avé of noch wat healwizers.

In wike letter stiene alle bern dy’t op kamp soene by de soarchpleats.
In midwinterkamp. Wol spannend! Aiofe wie fan ’t simmer hjir krekt hinne ferhuze en koe de bern fan tsjerke noch net sa goed. Twa dagen mei bern dy’t like âld wiene op in soarchpleats sliepe en meiwurkje, dat like har wol wat. En mei-inoar ‘wat belibje’ fan Advint. Want it wie al begjin desimber.

Neist har wie in oar famke it bêd oan it opmeitsjen.
“Hoi, ik bin Aoife”, sei se. “En do?”
It famke seach omheech en prate mei in swier aksint: “Ik bin Hawa, hoi.”
“Wat seist?” frege Aoife. “Hoe staverest dat?”
“H-A-W-A”, suchte it famke, en tagelyk besefte Aoife dat se wat ferfelends frege hie.
“Sorry! Ik wit hoe’t dy fraach fielt!”
Se fertelden inoar hoe’t se oan harren namme komme wiene.

Hawa wie in jier lyn út Syrië wei mei har heit en men en har bruorke nei Nederlân flechte. Troch kontakten mei de tsjerke wie se by it bernekamp kommen. Hawa frege: “Witst wat myn namme betsjut? ‘Dy’t it libben jout.’ En dy fan dy?
Aoife koe der net oer út: “Dy fan my ek! It is Iersk foar Eva, do witst wol, dy út de Bibel!”
“No sis, myn namme is de Syryske ferzje fan Eva!”
Se seagen inoar begripend oan en fan dat stuit ôf wiene se faak tegearre.

foto: pixabay.com

Deselde jûn hie de groep om it kampfjoer hinne sitten. Yn de winternacht. Se hiene mei-inoar it ferhaal lêzen oer Joazef en Maria dy’t in poppe ferwachte. Oer de gefaarlike reis en de earmoede dêr’t se yn oerlibje moasten. Se hiene neipraat oer earmoede, gefaar en it fertrouwen op God. Oer ingels as boadskippers fan God en oer Jezus dy’t gau berne wurde soe. Yn in soarte bûthús, tusken de bisten, krekt as hjir op de boerepleats.
Hawa fertelde oer har reis nei Nederlân. In aaklike, ûnminsklike reis, sûnder wissichheid, om wanhopich fan te wurden. En no siet se hjir. Dêr tanke se God foar. Al wist se net hoe’t it fierder gean soe yn har libben. Wêr’t se wenje soe. Oft se wolkom bliuwe soe op it plak dêr’t se no wie. Krekt sokke problemen as Joazef, Maria en Jezus eins hiene. En ek al wie se ûnwis oer wat se krekt leaude, it ferhaal fan de berte fan Jezus begriep se.

Nachts op bêd tocht Aoife noch nei oer Hawa en har ferhaal. Se hie dúdlik wat field fan Hawa’s fertrouwen en har leafde foar it ferhaal fan Jezus. It Syryske famke like sa… se kaam net op it goede wurd… sa sterk?
“Hé, Hawa”, flústere se. “Miskien binne ús nammen wol gek… Mar de betsjutting is dochs wol supermoai eigentlik. Echt power!”

En mei in mingeling fan ferwûndering, fertrouwen en meilibjen foel se yn ’e sliep.

Oersetting fan ‘Een rare naam’ yn Volg de sterren, nieuwe verhalen, gedichten en gebeden rond Kerst, útjefte fan de Protestantse Kerk in Nederland, https://webwinkel.pkn.nl/volg-de-sterren/4920-0161).

 

 

 

desimber 22, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.