In ferdwaald hunebêd efter it stedhûs fan Boalsert

desimber 22, 2018 09:41

De terp dêr’t it stedhûs fan Boalsert op boud is, is op syn minst tûzen jier âld. Dy konklúzje lûke de ûndersikers fan archeologysk advysburo RAAP nei fjouwer wike fjildwurk efter it goed fjouwer iuwen âlde gebou yn de stêd.

Foto: Tonnie Siemonsma/Gemeente Súdwest-Fryslân

“Foar de tsiende iuw waard it gebiet al brûkt”, seit archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Dat kinne we sjen oan de tige fertrape laach ûnder de terp. Mar fan bewenning like yn de njoggende iuw noch gjin sprake.” Nei bewenning moat nei alle gedachten socht wurde by de terp dêr’t de Martinitsjerke stiet. “Dêr binne earder al fynsten fan sa’n twatûzen jier âld dien.”

Boalsert oan it wetter
By it fjildwurk is yn de ôfrûne wiken hiel dúdlik wurden dat de terp him troch de iuwen hinne útwreide. Boonstra: “De stêd groeide. Doe’t it nei de bedikings net mear nedich wie om op te heegjen, setten de minsken harm ek bûten de terp nei wenjen.” De grêft neist de terp waard dêrby hieltyd mear nei it westen ferlein.

Sa is kin de hjoeddeiske grêft neist de Wipstrjitte ûntstien wêze. “It liket derop dat der in oanlisplak foar skippen west hat by in foargonger fan dy grêft, yn elts gefal fan de fyftjinde iuw ôf. In stiennen paad mei in soarte fan oanlissteger en swiere beskoeiïng wize dêrop.” Sjoen de djipte en breedte fan de dimpte grêft hawwe it lytse skippen west, mei in frij platte boaiem.

Foto: Tonnie Siemonsma/Gemeente Súdwest-Fryslân

Grutte stien mei ring
De rispinge oan fynsten yn fjouwer wike fjildwurk fariearret fan fûneminten fan huzen en in tsjerke en wetterputten oant ferhurde dykjes en sleatten. En fan sulveren munten en servysguod fan ierdewurk oant beskildere tegeltsjes en foarwerpen fan bonke. “Tige nijsgjirrich”, neamt Boonstra in grutte stien mei dêroan in ring mei dêrneist in wat lytsere stien.

“Wy tinke dat dêr skippen oanlizze koene. Dat binne stiennen út de iistiid, oanfierd troch de gletsjers út Skandinavië. Se binne fan itselde type as de stiennen dy’t yn Drinte foar de hunebêden brûkt binne. Dy moatte mei in boat oanfierd wêze, want sokke stiennen komme sa ûndjip yn de grûn net foar yn dit gebiet.”

Boalsert wie eartiids poerbêst te berikken fia it wetter tanksij in goed ûntwikkele wetternetwurk. Wetterwegen wiene eartiids de wichtichste rûten foar it transport yn Fryslân. Troch de wiete klaai en it sompige feanlânskip wiene de net-ferhurde lânwegen ûnbetrouber. Pas om 1840 hinne waarden yn Fryslân ferhurde wegen oanlein en ferlearen de wetterwegen stadichoan harren funksje as wichtichste ferkearsieren.

De opgravings gean yn jannewaris fierder, want noch net it hiele areaal is ûndersocht.

desimber 22, 2018 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.