IIshockeyhal op It Hearrenfean ticht

desimber 9, 2018 09:09

De iishockeyhal fan It Hearrenfean is sûnt tongersdei ticht. Dat is bard op befel fan boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. De konstruksje fan de hal is te gefaarlik om dy langer iepen te hâlden. De gemeente Hearrenfean liet tongersdeitejûn yn in parsekonferinsje witte dat der earst spesjalistysk ûndersyk komme moat en dat de hal oant dy tiid net brûkt wurde kin. De boargemaster hâldt der rekken mei dat it ûndersyk wol in moanne duorje kin.

Ofbylding: pixabay.com

By in technysk ûndersyk fan ’t hjerst kaam oan it ljocht dat der wat mankearret oan de stabiliteit fan de konstruksje. De boargemaster wol gjin risiko rinne by iishockeywedstriden mei in pear tûzen man publyk. De gemeente is eigner fan de hal, wylst Thialf ferantwurdlik is foar it ûnderhâld.

De iishockeyhal is yn 2006 foar it lêst ferboud. Der wiene al plannen om de ferâldere hal oan te pakken. Dy ferbouwing soe mooglik yn 2020 úteinsette. It sluten fan de hal is in grutte klap foar de UNIS Flyers, dy’t dêr harren thúswedstriden spylje. De training wurdt no earst yn Ljouwert dien.

desimber 9, 2018 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.