Holwerter skoallebern krije boek oer it byld ‘Wachten op hoog water’

desimber 12, 2018 19:10

Eigen foto fan de DDFK-gemeenten

Woansdei 12 desimber rikte wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel it boek ‘Heech Tymo, sjoch omheech’ fan Koos Tiemersma út oan de bern fan de groepen 5 oant en mei 8 fan IBS de Tsjelke en KBS Ploos van Amstel yn Holwert.

Yn it boek spilet it byld ‘Wachten op hoog water’ in wichtige rol. “It boek sil grif helpe om guon bern neier yn ‘e kunde komme te litten mei it Frysk”, seit de wethâlder.

Kommende freed is de offisjele ûntbleating fan it byld fan Jan Ketelaar. By de ûntbleating binne de bern fan de midden- en boppebou fan beide skoallen útnûge.

desimber 12, 2018 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.