Hersenstichting freget jo help

desimber 1, 2018 08:59

Foto: Hersenstichting/Peter Nefkens

Nettsjinsteande de fuortgong yn wittenskiplik ûndersyk, is der noch hieltyd in protte ûnbekend oer de harsens. Wat mear’t wy fan de harsens begripe, wat better wy se sûn hâlde kinne. Ien op de fjouwer minsken hat in harsenoandwaning. It kin echt elkenien oerkomme. Dat moat ophâlde! Mear ûndersyk is nedich. Allinnich dêrmei komme oplossings tichterby. It is de iennige wei om mear minsken mei in harsenoandwaning te behanneljen en úteinlik genêze te kinnen.

Meihelpe 
Alle jierren organisearret de Harsenstifting in kollekte om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar ûndersyk en foarljochting. De stifting ropt minsken op om te helpen, bygelyks troch in oerke yn eigen buert te kollektearjen. Wat mear kollektanten der rinne, wat grutter de kollekte-opbringst en nammerste mear de Harsenstifting dwaan kin oan ûndersyk en foarljochting. Helpers by it organisearjen binne ek fan herten wolkom.

Foar it fuortdaliks oanmelden as kollektant of kollekte-organisator of foar mear ynformaasje, sjoch op www.hersenstichting.nl. Of stjoer in mail nei collecte@hersenstichting.nl. Skilje kin ûnder kantoaroeren nei 070-360 48 16.

desimber 1, 2018 08:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW desimber 2, 18:30

    Al hoe wichtich dat ûndersyk ek is en dat is it, bin ik fan miening dat It Nijs net begjinne moat mei dêr en faaks foar oare ûndersiken omtinken te freegjen..Dan is de ein te syk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*