Hayo Apotheker waarnimmend boargemaster Noardeast-Fryslân

desimber 22, 2018 10:03

Hayo Apotheker sil fan 1 jannewaris ôf it boargemasterskip fan Noardeast-Fryslân waarnimme. Nei oerlis mei in delegaasje út de nije gemeenteried is hy troch de kommissaris fan de Kening yn dy funksje beneamd. It waarnimmerskip duorret oant der in troch de kroan beneamde boargemaster is. Dat sil nei alle gedachten yn de twadde helte fan 2019 wêze.

Apotheker (D66, 68) hat in bulte ûnderfining as boargemaster. Mei sawat 37 tsjinstjierren yn dy funksje is er op it stuit de boargemaster mei de measte ûnderfining yn Nederlân. Dat er ek yn fúzjegemeenten (Stienwikerlân, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke) it ienwurdingsproses begelaat hat joech de trochslach om him ek yn Noardeast-Fryslân foar dy taak oan te wizen.

 

desimber 22, 2018 10:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 24, 12:29

    No dan meie se wol om it Frysk tinke. Foaroan yn ‘e mûle, mar gauris de oare kant út sjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.