Gedicht: Longerje

desimber 29, 2018 09:45

Longerje

Foto: pixabay.com

Hy longeret nei de waarmte fan syn gleon fjoer,
dat ea sa fûl baarnde yn syn hommels brutsen hert.
Hy longeret nei de wylde tiid fan passy en aventoer,
mar koe de lust net hâlde en hat no smert.

Jûns stoareaget er tryst oer syn skrok lizzend lân
en tinkt nei oer syn drôvich deistich bestean.
Dêr stiet er mei syn swijende ienlikheid yn ’e hân,
wylst flymkâld de wyn him nestelet yn syn klean.

As moarns de sinne him yn ’e lannen fynt,
yn syn bierguod mei op it liif it brief foar syn bern
en de natuer libben en dea oaninoar bynt,
hâldt de wrâld de siken yn…

Fryslân hat in soan ferlern.

Sander
Oerterp, winter 2017

út Nij Frisia, maart 2018

desimber 29, 2018 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.