Gedicht: De lêste gearsit

desimber 8, 2018 09:20 Fernijd

De lêste gearsit

Foto: pixabay.com

Dêr leit ús heit, yn ’t bêste bierguod,
gjin libben mear, de geast is fuort.
It antlit feal en ’t hier wat slop,
de hoarnen bril hat er noch op.

Ik stryk him oer de kâlde hân.
Alles fuort – gehoar, gesicht, ferstân.
De fentilator jout wat lûd,
’k ha pikefel, klam is myn hûd.

Myn tinzen wolle it antwurd fine
dat de dea de kaai is nei ’t ferline.
Ik kom mysels tsjin, lykje wol te dreamen,
as triennen einlings ryklik streame.

Sander, Oerterp

desimber 8, 2018 09:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*