Gedicht: Bijke

desimber 15, 2018 09:45

Resint ferskynd

Bijke

Foto: pixabay

Op in dei doe’t Bijke fuort wie,
socht syn baaske om syn hûn
en hy rôp mar, wêr is Bijke?
Hy socht oeral yn it rûn.

Hy socht hieltyd om syn hûntsje
fan moarns ier ta lette jûn.
Wie er dea of net te finen?
Och, wat miste hy syn hûn.

Troch it missen fan syn Bijke
die syn âlde hert him sear.
By it needlot dat doe folge
gie it baaske nei de Hear.

Bijke woe wol graach nei hûs ta,
mar hy hie in goed ekskús.
Troch in auto slim ferwûne
kaam er dagen letter thús.

No is Bijke hiel allinne
en komt fan syn plak net ôf,
want al wiken past it hûntsje
op syn baas dêr op it hôf.

Sjoerd F. Talsma

desimber 15, 2018 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.