Galery Bax Kunst set it nije jier útein mei ekstra grutte eksposysje

desimber 31, 2018 09:58

Fan 5 jannewaris oant en mei 16 febrewaris binne der op mar leafst fjouwer lokaasjes keunstwurken te sjen fan de keunstner Jan Peter van Opheusden út Eindhoven. Der binne ek bylden te sjen fan de bekende keunstner Gerard Engels. In moaie attraksje foar de ynwenners fan Fryslân. Galery Bax Kunst is de organisator fan de grutte eksposysje.

Wurk fan Jan Peter van Opheusden (foto: Galery Bax Kunst)

De master fan it yntuïtive
Jan Peter van Opheusden, ‘de master fan it yntuïtive’ wennet en wurket yn Eindhoven. Hy omearmet in breed skala oan dissiplinen lykas skilderjen, byldhouwen en ferskate grafyske techniken. Geregeld ûndernimt er stúdzjereizen nei lannen yn Europa, mar ek dêrbûten. Nei syn mega-útstalling yn 1998 ûnder it dak fan de Grande Arche yn Parys kriget syn wurk, ek yn grutter fermidden, hieltyd mear wurdearring. Underwilens is dat oer de hiele wrâld te finen yn grutte kolleksjes fan foaral partikuliere samlers. “De kleur is foar my eins noch mear bepalend as de foarm. Ik bín dy kleur. Om dy reden brûk ik hast nea pasteltinten mar meast primêre en konstrastearjende kleuren.”

Wurk fan Gerard Engels (foto: Galery Bax Kunst)

Minisjeus ûntwikkele
Gerard Engels is in Nederlânske byldhouwer. Hy folge in oplieding ‘yndustrieel ûntwerpen’ oan de Akademy foar Yndustriële Foarmjouwing yn Eindhoven. Dy oplieding rjochte him neist it yndustrieel ûntwerpen op abstrakte foarmjouwing yn ferskate materialen lykas hout, keunststoffen en metalen. De keunstner is as byldhouwer autodidakt, en jout de foarkar oan figurative keunst, dêr’t syn hynders en minsklike figueren by abstrahearre binne. Syn bylden út brûns binne foarôf minisjeus ûntwikkele en fan alle kanten foarme, yn sketsen, trijediminsjonale foarstúdzjes of 3D-kompjûterûntwerp. Op himsels is eltse foarstúdzje op dy wize in artistike ekspresje.

Beide keunstners krigen al in protte ûnderskiedings en publikaasjes.

Keunstrûte yn Snits
Foar Galery Bax Kunst brekt wer in folpakt jier oan mei acht eksposysjes fan heech nivo. De earste eksposysje fan 2019 is fuortdaliks wer ien fan de grutste mei sa’n 75 keunstwurken op fjouwer lokaasjes yn Snits. Neist de eksposysje yn de Galery oan de Singel 82 is wurk te sjen yn ferskate techniken yn it Keunstesintrum Atrium, Teater Snits en by Bloem en Styling Valentijn yn de binnenstêd. Dy lokaasjes binne te berinnen. Der is foar besikers in kuierrûte beskikber.

De eksposysje duorret oant en mei 16 febrewaris 2019.

info@baxkunst.nl | www.baxkunst.nl

desimber 31, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.