Fryske top 100 populêr by publyk én artysten

desimber 27, 2018 19:21

Ofbylding fan Omrop Fryslân

In rekôroantal stimmen fan it publyk meitsje de Fryske top 100 populêrder as ea. Mar leafst 51.825 stimmen waarden teld, doe’t de stimbus tichtgie op twadde krystdei. Ferline jier kamen der 37.570 stimmen binnen. Opfallend is dat der in protte aksje fierd is om guon nûmers yn de Fryske top 100 te krijen. De folsleine list, sûnder de top 10, is te sjen op Frysketop100.nl.

Opfallende notearringen
Der binne dit jier achttjin nijynkommelingen yn de Fryske top 100, wêrfan twa yn de top 10. De Hûnekop en Piter Wilkens hawwe it grutste tal notearringen yn de list. Dy komme beide njoggen kear foar. Opfallend heech yn de list einige Andries de Vries. Hy komt nij yn mei syn liet ‘Bist do makke foar my’ op nûmer 15. Jos Harteveld is ek in hege nijynkommeling mei it nûmer ‘Bist yn myn hert’. Hy komt yn op plak 25.

Wurdearring fan publyk
Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út. Foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Foar guon artysten betsjut in notearring in foarm fan wurdearring foar harren wurk. Marcel Smit: “De Fryske top 100 is sa stadichoan in stikje kultuer wurden. Ik bin der grutsk op dat myn ferskes der al jierren yn stean en dêrmei dus de wurdearring krije fan de leafhawwers fan de Fryske muzyk.”

Jukebox
Der koe sûnt 24 novimber stimd wurde op de Fryske top 100. Rûnom yn de provinsje dûkte de ôfrûne wiken it stimhokje op om in listje mei fiif favorite platen troch te jaan. Online koe der stimd wurden fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Harkers en sjoggers meitsje dit jier kâns op de Fryske top 100-jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber weijûn yn de útstjoering.

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

desimber 27, 2018 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.