Fryske reizgers binne golle tipjouwers yn taksy

desimber 14, 2018 08:54

Reizgers yn Nederlân dy’t mei de taksy ûnderweis binne fan en nei it fleanfjild, jouwe yn trochsneed € 5,86 foai oan de taksysjaffeur. Dat docht bliken út ûndersyk fan Taxi2Airport, dat goed 2500 oansletten taksysjauffeurs yn 37 Europeeske lannen frege om de foaien yn 2018 by te hâlden. De op ien nei heechste trochsneed foai wurdt yn de provinsje Fryslân jûn, dêr’t Fryske taksysjauffeurs gemiddeld € 7,25 foai krije.

Foto: pixabay.com

Golle tipjouwers yn Fryslân
Op provinsjaal nivo bestean der grutte ferskillen yn ’e foaien dy’t minsken oan de taksysjauffeur jouwe. Sa jouwe bygelyks Utertske reizgers mei yn trochsneed € 2,93 de leechste foai de rit, wylst reizgers yn Seelân by lykweardige ritten (ritpriis en -ôfstân) gemiddeld € 7,73 tippe. Yn Fryslân en Limburch binne reizgers ‘golle tippers’. Hja jouwe yn trochsneed respektyflik € 7,25 en € 7,11 foai oan de sjauffeur.

Lanlik mear foai, yn Fryslân minder
Joegen Nederlanners de taksysjauffeur yn 2016 yn trochsneed € 5,30 foai foar in rit fan of nei in Nederlânske lofthaven, dat bedrach is ûnderwilens omheechgien nei € 5,90. Ofset tsjin de trochsneed ritpriis (€ 57,60) joegen Nederlanners dêrmei 10,2 persint fan de ritpriis oan foai. Yn Fryslân, dêr’t sjauffeurs yn 2016 noch sa’n € 8,80 oan foai krigen, is de trochsneed foai oan taksysjauffeurs mei sa’n € 1,50 omleechgien.

Britten bêste ‘taksytippers’ fan Europa, Nederlân op plak 7
Fan alle ûndersochte lannen jouwe Britten de heechste foai yn ’e taksy. Yn trochsneed jouwe sy (omrekkene) € 7,95 foai yn ’e taksy. Finnen (€ 7,36), Switsers (€ 7,10) en Sweden (€ 7,-) jouwe yn trochsneed hege foaien oan in taksysjauffeur.

Fan alle ûndersochte lannen hawwe taksysjauffeurs yn Masedoanië it minst gelok as it op foaien oankomt. De trochsneed tip leit yn Masedoanië, mei 99 eurosint, nammentlik it leechst.

It folsleine ûndersyk, mei in oersjoch fan de foaien yn alle Europeeske lannen ynbegrepen, is werom te finen fia dizze link.

desimber 14, 2018 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.