Fryske blackmetalband Kjeld wint Bernlefpriis 2018

desimber 16, 2018 13:50

Deputearre Sietske Poepjes mei de sjek. Foto: provinsje Fryslân

De Fryske blackmetalband Kjeld is de winner fan de Bernlefpriis 2018. Deputearre Sietske Poepjes makke dat op sneon 15 desimber bekend by de Fryske popawards yn popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. De winner koe spitigernôch net oanwêzich wêze, omdat er in optreden yn Eindhoven hie. De band kriget in sjek fan € 1500.

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt om de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns te jaan. De oare dy’t nominearre wiene Mosken, Piter Wilkens, The Homesick, Wiebe Kaspers en it projekt Lân fan Taal.

Eksportprodukt
De Frysktalige blackmetalband Kjeld docht it sawol yn Fryslân as dêrbûten tige goed. De band sjongt yn de Fryske taal mei nûmers sa as ‘De tiid hâldt gjin skoft’ en ‘Ivich libben’. Optredens op û.o. Roadburn en Netherlands Deathfest litte sjen dat de band klear is foar de folgjende stap. Kjeld spilet ek geregeld yn Europa en is dêrmei in bysûnder eksportprodukt fan de Fryske taal.

Sjuery
De sjuery fan de Bernlefpriis bestie fan ’t jier út:

  • Jan-Pier Brands, direkteur Worm Rotterdam, foarhinne Neushoorn
  • Jacco de Boer, LF2018 en Iepen Up
  • Emiel Stoffers, Frisian Music en De Hûnekop
  • Bianca Pander, Welcome to the Village
  • Theo van der Veer, einredakteur 3 voor 12 Fryslân
  • Dirk Kloosterman, programmeur Iduna Drachten
  • Henk te Biesebeek, Omrop Fryslân
  • Paul Giesen, Popfabriek
  • Bernau Ozinga, OZI agengy
desimber 16, 2018 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.