“Frysk moat wer folweardige stúdzje wurde yn Flensburch”

desimber 12, 2018 23:42

Nils Langer

Der moat yn Flensburch wer in folweardige stúdzje Frysk komme. Dat sei perfester Nils Langer moandei yn de kommisje foar kwestjes oangeande it Fryske folk fan it dielsteatparlemint fan Sleeswyk-Holstein. Dy kommisje komt twaris yn it jier byinoar om it belied foar de Fryske taal en kultuer út te stippeljen.

Langer is heechlearaar oan de Europa-Universität Flensburg (earder: Universität Flensburg). Mei ferskate oare pommeranten wie er yn ‘e kommisjegearkomste te gast om te fertellen hoe’t it lân der op it mêd fan it Frysk hinne lei. Langer hie fiif studinten meinommen dy’t yn Flensburch Frysk studearje. Dat kin op it stuit allinnich as byfak by de stúdzje Dútsk. Frysk wie der yn it ferline in folsleine stúdzje, mar it is de ôfrûne jierren yn stappen minder wichtich wurden, wylst der wol foldwaande belangstelling is om de stúdzje te folgjen.

Oan de universiteit yn Kiel kinne studinten wol in stúdzje Frysk op bachelor- en op masternivo folgje. Yn Flensburch binne de stúdzjes lykwols sa ynrjochte dat se studinten tariede op it lesjaan op skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis. No is der gjin folsleine learare-oplieding foar it Frysk mear. Studinten studearje meast twa stúdzjes neistinoar. Frysk soe dêr ien fan wurde moatte, tinkt Langer.

Henk Wolf, dy’t op it stuit oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden wurket, hat yn 2001 Frysk jûn oan de universiteit yn Flensburch. Wolf: “Der wiene doe sa’n tsien studinten. De belangstelling wie hielendal net lyts. It is spitich dat it Frysk der sa efterútgien is.” Wolf hopet dat it slagget om it plak fan it Frysk yn Dútslân fuort te sterkjen. Hy is fan doel om mei Nils Langer in útwiksel tusken studinten Frysk yn Flensburch en Ljouwert op te setten.

Yn de kommisjegearkomste kamen fierder as gastsprekkers oan it wurd perfester Jørgen Kühl, Dirk Schrödter en Utz Schlieszky. Kühl is heechlearaar minderhedestúdzjes yn Flensburch. Hy ynformearre de parlemintsleden oer de stân fan saken oangeande de Fryske en Deenske minderheid. Schrödter en Schliesky diene ferslach fan it opsetten fan it stifting foar it Fryske folk. Dat wurdt in organisaasje dy’t oerheidssubsydzjes oanfreegje en ferdiele kin foar saken dy’t mei Fryske taal en kultuer te krijen hawwe. It doel is dat de stifting kulturele organisaasjes fan begjin 2020 ôf it subsydzjewurk út ‘e hannen nimt.

“Wy hawwe al hiel lang ferlet fan sa’n stifting”, seit Ilse Johanna Christiansen, foarsitster fan de Fryske Rie yn Noard-Fryslân. “Dat der no ferskate ministearjes oer dy stifting teset binne en dat der troch it parlemint yn in wet ferankere wurdt, is foar ús tige wichtich.”

It Frysk wurdt yn Sleeswyk-Holstein yn Noard-Fryslân en op it eilân Helgolân troch in lytse tsientûzen minsken praat. De foarmen dy’t dêr praat wurde, hjitte fan Noard-Frysk. It is opdield yn njoggen dialekten. De grutste twa binne it Mooring en it Fering-Öömrang.

desimber 12, 2018 23:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.