Friezen lykje faker nei oare soarchfersekerder oer te stappen

desimber 16, 2018 08:49

Yn dizze tiid fan it jier stappe in soad minsken oer nei in oare soarchfersekerder. Independer, ekspert op it mêd fan soarchfersekeringen, hat ûndersocht hoefolle minsken oft yn de ôfrûne moanne de preemjes fan de ûnderskate fersekeringen mei-inoar ferliken en de oerstap makken. Yn Fryslân is dy groep yn ferliking mei ferline jier wol grutter, mar der waard minder faak ferlike as yn trochsneed yn it hiele lân. Yn de provinsje Utert waard mei it each op de preemjes fan 2019 it faakst ferlike. Dat docht bliken út in analyze fan de besikersdata.

Sûnt 12 novimber meie Nederlanners wer oerstappe nei in oare soarchfersekerder. Nei ien moanne ferlike Independer de kar dy’t konsuminten makken mei deselde perioade fan foargeande jierren. Yn Fryslân is dat mei 26% tanommen. Dochs is dat 20% minder faak as de lanlike trochsneed.

Yn de data-analyze waard ek sjoen hoe’t ynwenners fan Fryslân ferskillende dekkingsfoarmen ferliken. It persintaazje Friezen dat in folsleine soarchfersekering ferliket op basis-, toske- én oanfoljende dekkingen, komt del op 38,1%. Yn Fryslân ferliket 25,3% inkeld de basisdekking.

Hieltyd faker foar natuerafersekering keazen
Goed 80% fan de oerstappers keas oant no foar in natuerafersekering, in soarchfersekering wêrby’t de fersekerder de rekken foar de soarchkosten streekrjocht betellet. Ferline jier waard dêr minder nei sjoen. De kar foar de meastal djoerdere restitúsjefersekering (frije soarchkar) rint opnij tebek. Yn 2016 keas noch goed 23% foar restitúsje. Op it stuit is dat noch mar by 10,6% fan de oerstappers it gefal.

Aalt van Bokhorst, soarchfersekeringsekspert by Independer: “De prijs kan een reden zijn waarom meer mensen voor natura kiezen. We zien daarnaast ook dat de meeste naturapolissen dekking bieden voor alle ziekenhuizen. Op dit vlak zijn er dus qua vrijheid in soarchkeuze nauwelijks verschillen tussen restitutie en natura. Misschien weten steeds meer consumenten dit en kiezen ze daarom voor de goedkopere naturapolis.”

Manlju kieze faker heechste eigen risiko as froulju
De kar foar in maksimaal ferhege eigen risiko (885 euro) sakke fan hast 29% yn 2017 nei hast 27% dit jier. De 25- oant 34-jierrigen kieze mei 32% it meast foar de folsleine ferheging. It falt op dat manlju dêr faker foar kieze as froulju: goed 32% tsjin 21%.

desimber 16, 2018 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.