Friezen betelje krystynkeapen faak mei jild fan sparrekken

desimber 26, 2018 10:16

Yn Fryslân wurde ynkeapen foar de hjeldagen faker as yn trochsneed finansiere troch in sparrekken. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan Geldshop. De yntermediêr yn konsumptyf kredyt ûnderfrege 1.371 konsuminten om nei te gean oft en hoe’t de feestdagen fierd wurde en hoe’t de oankeapen dêrfoar betelle wurde.

Foto: Wikipedia/Malene Thyssen – lisinsje CC BY-SA 3.0

Hoe’t Nederlanners sinteklaas- en krystynkeapen finansierje
De measte Nederlânske konsuminten (79,9%) betelje de sinteklaas- en krystynkeapen fan de reguliere betelrekken mei in posityf saldo. Der binne lykwols ek in protte minsken dy’t de oankeapen foar de hjeldagen op in oare wize finansierje (moatte). Sa betellet 11,5% fan de ûnderfrege minsken de oankeapen foar Sint en/of Kryst fan in betelrekken mei in readstân.

3.3% keapet guod foar de hjeldagen op ôfbetelling en 2,7% lient jild fan in jildferstrekker of fan ien yn de famylje, freonen of kunde. In snoade manier fan ‘finansierjen’ foar de feestdagen blike segelboekjes te wêzen: 4,2% jout oan dat foar de feestdagen as de wichtichste manier fan finansierjen te brûken.

Minsken yn Fryslân brûke sparrekken foar Kryst
Der binne op provinsjaal nivo grutte ferskillen yn de wize fan finansierjen fan de ynkeapen foar Sinteklaas en Kryst. Sa docht bliken dat ynwenners út Seelân relatyf it faakst segeltsjes sparje om sa harren sint- en krystynkeapen te beteljen, en dat minsken yn Limburch relatyf it faakst read stean (11% yn ferliking mei it lanlik gemiddelde). Yn Noard-Brabân betelje minsken relatyf faak mei in kredytkaart (12% faker as it lanlik trochsneed).

Friezen sette yn ferhâlding it faakst jild op in sparrekken om dêr de ynkeapen foar de hjeldagen fan te beteljen (14% faker as it lanlik trochsneed).

Besjoch de ûndersyksside foar mear ynformaasje.

desimber 26, 2018 10:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.