Frâns Kuipers: Yn Noardeast-Fryslân winkels sneins ticht?

desimber 1, 2018 20:08

Kollum

De gemeenteried fan Achtkarspelen moast op 12 july fan dit jier in beslút nimme oer de iepeningstiden op snein fan winkels en hoarekabedriuwen. De mearderheid hie earder al besletten dat ek Achtkarspelen meigean sil mei de waan (?) om minsken, foaral ek fan bûten de eigen gemeente, op snein ta keapjen – dat hjit winkeljen – oan te setten. It doel is om mear wolfeart binnen de eigen gemeentegrinzen te bringen.

De lêste stille snein mei winkels ticht yn ’t Surhústerfean, april 2018. Foto © Frâns Kuipers

Besletten waard dat hoarekabedriuwen om tolve oere iepen geane en de winkels om ien oere. Minsken dy’t op snein nei tsjerke wolle en dêrnei wurkje moatte, moatte foldwaande tiid krije om beide dwaan te kinnen. De ChristenUnie en ek it CDA skytskoarren dêr in bytsje tsjinoan, mar doelen hilligje soms de middelsn. Utilisme hjit soks yn de filosofy.

Yn de measte gemeenten yn Nederlân dêr’t kristlike politike partijen warber wiene of noch binne, is oer dit probleem lang en yngreven fochten. De fraach wie: moatte wy as kristlike partijen de minsken ek op snein ta it keapjen fan guod oansette? In oare fraach wie: As buorgemeenten it wol tasteane en wy net, dan ûntnimme wy eigen ynwenners en keaplju dochs de kâns om op snein saken te dwaan? Dan binne we dief fan de eigen beurs, en soks kin fansels ek net.

It giet goed mei de ekonomy yn Nederlân, lit minister-presidint Mark Rutte alle wiken oan ús as Nederlânsk folkje witte. Wurkgelegenheid en nochris wurkgelegenheid, wa wol soks no net? Wa’t dêr lichaamlik of geastlik net tsjin kin, hat pech! De fraach is: hawwe kristen-demokratyske politisy de slach ferlern of hawwe se it slûpe litten? Is ‘Mammon’ de baas?

Is der yn it iepenbier wolris besprutsen wat op de efterkant fan de medalje fan ‘alle dagen binne gelyk oaninoar’ stiet? Bygelyks oft it alle dagen dwaande wêzen mei noch mear as genôch – it hawwen – wol goed is foar de minske – de  minske as wêzen? Elk jier in nije en noch folle gruttere wein is moai fansels. De ekonomy fan it genôch, fan Bob Goudzwaard; dêr’t it CDA net oan wol. Is de lak úteinlik net folle djoerder as it brief? Foaral as beskôge wurdt dat it stribjen en hurder wurkjen foar noch mear ekonomy faaks net lykgiet mei sûnens en wolfielen fan minsken. It tal wolfeartssykten is net te tellen.

Nuveraardich is dat út de rûnte fan gewoane boargers wei de tanimmende lêsten fan folksdroktme en lawaai op snein oan ’e oarder steld wurde. Yn Alkmaar stappe binnenstêdbewenners nei de rjochter om te berikken dat in te folle oan aktiviteiten op snein mei de byhearrende oerlêst ferbean wurdt. Yn deiblêd Trouw stie okkerdeis in moai stik oer dat ûnleauwigen de sneinsrêst werom ha wolle. Immen út Oerterp neamde yn har ynstjoerd stik in skala fan neidielige gefolgen fan sneinswinkeljen op. Bygelyks dat bewenners fan de âldereinsintra dêrtroch minder besite krije fan harren bern en bernsbern, en gean sa mar troch.

It gewoane folk komt yn beweging. Yn Alkmaar is in boarger-aksjegroep dwaande. Ik bin benijd wat dêrút komt. Yn Geldermalsen hingje al wer iepeningstiden foar de winkelruten mei: ’s Zondags gesloten. Is it dan dochs sa dat it folk sels de lieding nimt by it finen fan oplossingen foar knyppunten, omdat de polityk dat net oandoar? In moaie test foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân? De winkels yn dy nije gemeente dochs mar wer ticht?

 

desimber 1, 2018 20:08
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ekoed desimber 2, 16:59

    Boppedat!! In euro kin mar ienkear utjun wurde, derfoar is der yn de wike tiid genoch toch!!!

  2. Gerard Floor desimber 5, 15:11

    Het lijkt mij een prima idee om, nu de tijd daar rijp voor blijkt te zijn, te anticiperen op een gevoelen dat velen in een tijdsgewricht van optimale bereikbaarheid en voortdurende consumptie bezighoudt.
    Immers, duidelijk is dat de bijbehorende stress uiteindelijk niet opweegt tegen het voorkomen van dergelijk (ook financieel) medisch ongerief.
    Daar komt bij dat het, naar mijn idee, zinvol is het voor wat betreft dat consumeren wat kalmer aan te gaan doen.
    Zeker nu er steeds meer aandacht komt voor het inperken van de hiermee samengaande CO2-uitstoot.
    Het komt mij voor dat juist politiek gezien werkelijke vooruitgang niet bestaat uit het klakkeloos volgen van een neo-liberale trend (werk, werk, werk), maar uit het ‘setten’ van een trend die meer te maken heeft met het echte intermenselijke contact en de daarbij behorende creatieve zelfontplooiing. Denk daarbij aan: sport en spel, kunst en cultuur, talenstudie,vrienden- en familiebezoek, lezen, zelf muziek maken en natuurstudie/beleving om maar eens een paar voorbeelden te noemen.
    Wellicht dat daardoor voorkomen wordt dat ‘de wereld aan vlijt ten onder gaat’

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*