Frâns Kuipers: Betanke foar it praatsje…

desimber 29, 2018 20:00

Kollum

Wy komme krêkt út de wike fan de iensumens. Dêr waard yn en op de media in protte oer skreaun en praat. In gefoel fan iensumens is foar de iene hiel oars as foar de oare. Der binne minsken – ik ken se – dy’t it leafst allinne binne. Yn Buitenhof (op NPO1, 23 desimber 2018) waard ferteld dat der ek in protte iensumens is binnen grutte groepen. Dat komt faak foar by jongelju. Soks wurdt troch de freonen wol ‘sjoen’, mar it wurdt meastal negearre. Jo kinne it soms hearre oan sechjes as: “Wy moatte net ferjitte om Jan of Pauline út te nûgjen, hear!” As minsken net mear opsetten komme, is dat in earste teken fan ôfheakjen.

Online

Aloan wurdt der mear tiid stutsen yn ‘online’-kontakten. Ik doch der ek oan mei. Want wat is it handich om efkes fia in whatsapp of in mailtsje in berjochtsje nei immen of in groep te stjoeren oer in feestje: “Hoe let komme jimme?” en “Wannear moatte we fuort?”
It grutte gemak is dat men online in wrâldwiid berik hat. It jout jin it gefoel dat dejinge dêr’t men mei bellet of appt in pear strjitten fierder is, wylst sy of hy op dat stuit wol yn Afrika of Amearika wêze kin. Wy kinne dat hast by alle nijsútstjoeringen fernimme: “Wy hebben nu contact met onze man in New York.”

By in app of in mailtsje kinne saneamde ‘emootsjes’ set wurde. Mei sa’n tekentsje kin der noch wat fan in gefoel meijûn wurde. In tekentsje mei in trien of in brede laits en alles wat dêr tuskenyn sit. Itselde sjocht men by prachtige krystkaarten. Dat is in goede gewoante. Troch de online-kontakten wurde der aloan minder kryst- en nijjierskaarten ferstjoerd. It idee efter sa’n kaart is ek dat de oare net fergetten wurdt.

Smoardrok

Yn ús drokke wrâldsje klinkt op de fraach “Hoe giet it?” steefêst as andert: “Poer best, smoar drok!” Wat drokker, wat better en dan is der hast gjin tiid mear om by beppe of pake op besite te gean. En no binne yn de measte plakken de winkels ek noch iepen op snein, mei as doel om de ekonomy noch mear op te jeien. Ik skriuw gjin preek, mar yn essinsje kaam wat yn Buitenhof troch gelearden as Anja Machielse, heechlearaar Empowerment fan kwetsbere âlderen oan de Universiteit voor Humanistiek, en Paul Verhaeghe, heechlearaar Klinyske psychology en psycho-analyze oan de Universiteit Gent, sein waard op itselde del: gjin tiid mear foarinoar!

Praatsje

Ik sjoch graach om my hinne as ik yn de super omskarrelje. Dat laat soms ta in praatsje mei doarpsbewenners of goekunde, dy’t ik net al te faak mear sjoch. Der rinne faak ek âldere minsken. Jo fernimme soms dat se wat kwyt wolle of wat heare wolle. In nijtsje of sa. Sa harke ik bygelyks nei in praatsje tusken twa âldere froulju. De iene sei tsjin de oare: “Ik wenje no lokkich ticht by tsjerke.” Alle soarten wetters en wûnders kamen op it aljemint. Ik socht om in biologysk waskmiddel en ûnderwilens harke ik – brutaalwei – in bytsje mei. It gie ek oer ferstoarne goekunde. Soms koartlyn. “Iensumens komt dan nei foaren”, sei de iene tsjin de oare. Guon sizze wolris tsjin my dat it no al sa lang lyn is, dat se no har krêften sjen litte moatte by it dragen fan it ferlies. Mei oare wurden: “Net seure.”

Betanke

Ferline wike gie ik mei in karre fol guod nei de útgong fan de super. Ik rûn rjocht op in âlde frou ta, frou ‘D’. Hja is 93 jier, rint efter har karke, har taske stiet der boppe-op. Se trillet hielendal en bibbertosket, mar har eagen steane skerp.
“Do bist ien fan Jan drukfout?”
“Ja, dat is sa”, sei ik, “mar wêrom moat ‘drukfout’ der sa dúdlik by?” (“De Feanster” wie doetiids en is noch altyd de regionale krante fan drukkerij Kuipers. Mei dy Feanster is ’t Surhústerfean grut wurden, doar ik te bewearen).
Der stie fansels wolris in flaterke yn. Frou D fertelde dat lêzers it wol moai fûnen om ‘drukfoutsjes’ yn ’e krante op te sykjen. In soartemint puzel? Guon joegen it tal flaterkes troch oan ús heit. Hy fûn dat wol moai. Hy koe tsjin de advertearders sizze dat de Feanster Krante ‘speld’ waard.

Sa prate frou D oan ien tried wei troch oer de goeie tiid fan doe. Hoe’t se mei-inoar de tsjerke ta tsjinst wiene en hoe’t de mienskip it ferieningslibben draaiende hold. “Moatst no ris om komme”, sei se. “Alles moat betelle wurde. De gemeente moat oeral jild foar jaan, oars draait it net.”
Wy stiene by de yngong fan de super in protte hastige minsken yn it paad. Op ’t lêst sei ik ek mar dat ik it ‘drok’ hie en dat ik hjoed noch mear te dwaan hie.
“O”, sei se, “gean mar gau. Mar dochs betanke foar it praatsje!”

desimber 29, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.