Formule 1 komt nei alle gedachten nei Nederlân

desimber 11, 2018 09:48

In Formule 1-race yn Zandvoort of Assen oer twa jier, is wer in stapke tichterbij. By it Formula One Management (FOM) soe de Grand Prix fan Nederlân foarriedich op de kalinder stean.

Foto: pixabay.com

De foarkar giet op it momint út nei Zandvoort, wylst it sirkwy fan Assen sjoen wurdt as back up, mocht Zandvoort it finansjeel net rûn krije. Prins Bernhard van Oranje, eigner fan it circuit yn Zandvoort, hat dizze moanne al sein dat it saneamde kustplak de foarkar krije soe boppe de Drintske haadstêd Assen. It FOM woe dat oant no ta net befêstigje. De kalinder foar 2020 wurdt normaliter yn de maitiid fan 2019 bekendmakke.

De lêste Nederlânske Grand Prix wie yn 1985. Mocht de Formule 1 yn 2020 trochgean, dan is it dus foar it earst yn 35 jier. Dêrfoar waard der hast jierliks in race organisearre yn Zandvoort. Nei 1985 wie der net genôch jild mear foar.

desimber 11, 2018 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.