Fonteinen yn Fryslân tydlik út

desimber 4, 2018 10:09

Nei in healjier fol spatterjen en kletterjen binne de fonteinen sûnt moandei 3 desimber tydlik út. Troch de mooglike froast kinne de liedings befrieze. Hoewol’t de fonteinen út binne, binne se ek yn de winter te besichtigjen.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Yn ’e maitiid sille de fonteinen wer oangean. De fontein ‘Love’ yn Ljouwert bliuwt noch wol efkes oan. Foar dy fontein wurdt in oar gaadlik momint socht foar de ‘winterstop’. De IIsfontein yn Dokkum wurdt 22 febrewaris iepene. Dy kin kjeld ferneare en sil nei de iepening gewoan oan bliuwe.

De makettes fan alle fonteinen binne te sjen by de eksposysje yn Museum Houtstêd Drylts, sneons fan 13.00 oant 17.00 oere. Gruttere groepen kinne ek op oare tiden de eksposysje besjen. Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumhoutstadijlst.nl.

desimber 4, 2018 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*