FNP: Hafabra taheakje oan Fryske keunstynfrastruktuer

desimber 18, 2018 08:31

De FNP is fan betinken dat Hafabra in folle better plak krije moat yn de Fryske keunstynfrastruktuer. Dêrom sil de FNP-fraksje yn de Steategearkomste fan 19 desimber in amendemint yntsjinje om dy muzyksektor der noch wol yn te ferfrisseljen.

Foto: pixabay.com

De folsleine sektor fan harmony-, fanfare- en brassband-orkesten mist no yn de kultuernotysje ‘Kultuer oan ‘e Kime’ fan de provinsje Fryslân. En dat docht gjin rjocht oan de posysje fan de bloeiende Hafabra yn Fryslân, sa fynt de partij.

“Neiere kontakten mei it fjild jouwe oan dat ék de HaFaBra tige ûnderskiedend is as keunst-utering”, seit FNP-wurdfierder Corlienke de Jong. “De Hafabra is sterk ferankere yn de Fryske mienskip, der binne hûnderten orkesten.” Ofrûne wike by it útrikken fan de Fryske Poppriis hie kultuerdeputearre Sietske Poepjes noch in negatyf boadskip oan de Hafabra-sektor: ‘Fryslân is gjin Sudersee-museum.’

De FNP fynt dat fierstente negatyf. Der binne krekt tal fan fernijings, lykas ‘Korps in de klas’, it projekt ‘Van krimp naar groei’ en titels by it Wereldmuziekconcours. De FNP hat krekt grutte wurdearring foar de HaFaBra-sektor!

De FNP-steatefraksje konstatearret dat de Hafabra-sektor in grut diel útmakket fan it Frysk erfgoed. De Hafabra draacht by oan kultuerpartisipaasje en talintûntwikkeling. De partij kin him dus net fine yn it boadskip fan Deputearre Poepjes, omdat de Hafabra allang in aktueel en modern aspekt is yn de Fryske muzykkultuer.

desimber 18, 2018 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.