FNP freget fosfaatfrijstelling foar bioboeren

desimber 21, 2018 08:47

De FNP sjocht dat biologyske boeren yn de problemen komme troch de strange fosfaatwetjouwing. De Steatefraksje freget dêrom oft Deputerre Steaten (DS) harren ynspanne wolle foar in frijstelling foar dy miljeufreonlike tûke fan de feehâlderij.

Foto: Wikipedia – publyk domein

Ofrûne wykein (15-12) stie yn it Frysk Deiblêd in artikel oer wer in biologyske boer dy’t yn de finansjele problemen kommen is troch de nije fosfaatwetjouwing. Dy ûntstean trochdat de behanneling fan beswieren tsjin de takende fosfaatrjochten fierstente lang duorret. Troch de fertraging en de wetjouwing yn syn gehiel docht aloan mear bliken dat biologyske en grûnbûne boeren de lêsten op ’e nekke krije fan gruttere boerebedriuwen.

“Wy hawwe noed dat mei de tiid miljeufreonlike gesinsbedriuwen ferdwine sille’’, sa seit lânbouwurdfierder Wopke Veenstra. Hy wol ek fan DS witte hoefolle boeren oft dêr tsjinoan rinne en oft der al kontakt west hat mei minister Schouten fan Lânbou. De steatefraksje fynt dat it kolleezje der by de minister op oanstean moat dat de ûntstiene fertraging nea ta gefolch ha mei dat boeren foartidich stopje moatte. “Dêr moat yn alle gefallen in tydlike oplossing foar fûn wurde.’’

desimber 21, 2018 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.