FNP: fragen oer problemen TopDutch 

desimber 17, 2018 12:27

De FNP-steatefraksje hat skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it ‘ferbaarnen’ fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch hieltyd net ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Der is ek te let yngrepen troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.

TopDutch is de kampanje dy’t oarspronklik bedoeld wie om it bedriuw Tesla nei it noarden te heljen. Oant no ta liket dat net te slagjen, de earste sinjalen wize derop dat it bedriuw kiest foar in fabryk yn Dútslân of Frankryk. It is foar de FNP lykwols wol de fraach wat al mei al de resultaten binne. TopDutch hat € 1,35 miljoen krige. Oant no ta is hast € 600.000 útjûn, sa hat de fraksje begrepen. “Is dat jild ferbaarnd?”, freget FNP-steatelid Sybren Posthumus him ôf. Fierder wol er witte oft Fryslân ek profitearre hat fan de kampanje. Der soe in ‘lykwichtich part’ fan de ynvestearringen en dêrmei wurkgelegenheid yn Fryslân telâne komme, sa is ôfpraat.

De FNP is tige kritysk oer de gong fan saken. Alhoewol’t de problemen al ein july bekend wiene en dêr tal fan berjochten oer yn de media ferskynd binne, hawwe de Steaten fan Fryslân oant no ta dêr noch gjin inkelde ynformaasje oer krige. En neidat de reklameburo’s yn july de saak ‘eskalearren’ en fregen om aksje fan de provinsjes, hat de (koördinearjend) deputearre fan Grinslân net earder as op 17 oktober 2018 in petear hân mei de belutsen reklame-buro’s.

Neffens Steatelid Posthumus “sit TopDutch mei de griene bril op in rôze wolk en wurdt it tiid om realistysk te wurden.”

desimber 17, 2018 12:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.