Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (45)

desimber 15, 2018 07:15 Fernijd

Ik bin de goede hoeder

De Goede Hoeder (Heilig Land Stichting, Ryksmonumint, Piet Gerrits)

Wa’t net troch de doar yn ’e skieppekoai komt, is kommen om de skiep kwea te dwaan. Wa’t troch de doar deryn komt, is de hoeder fan ’e skiep. De skiep hearre nei syn lûd en witte wa’t er is en hy neamt se by de namme en helpt se nei bûten ta. Syn skiep rinne efter him oan omdat se syn lûd kenne en foar in frjemd sille se fuortdrave, want se kenne syn stim net.

Ik bin de doar fan ’e skiep. In protte dieven en smjunten kamen earder as My, mar de skiep hawwe net nei har harke. Ik bin de doar. Wa’t troch My nei binnen ta giet, sil beholden bliuwe en hy sil yngean en útgean en weidzje yn himsels en bûten himsels. De dief is kommen om de skiep op te jeien en te slachtsjen foar syn eigen gewin. Ik bin kommen dat se libben en woltier fine yn harsels en mei-inoar.

Ik bin de goede hoeder. Ik set myn libben yn foar myn skiep. Mar in hierling sjocht de wolf oankommen en lit de skiep yn ’e steek, want hy is in hierling en de skiep litte him kâld en hy ferkeapet hert en siel en ferstân oan ’e heechste bieder, ek al hat er mear as genôch sulver en goud.

Ik bin de goede hoeder en ik ken myn skiep en myn skiep kenne my, lykas Heit my ken en ik Heit en ik jou myn libben foar myn skiep. Noch oare skiep haw ik, dy’t net fan dizze stâl binne. Dy moat ik ek hoedzje en sy sille nei myn stim harkje en it sil wêze: ien keppel, ien hoeder,

Dêrom hâldt Heit fan my, omdat ik myn libben jou en Hy jout it wer oan my werom. Gjinien nimt myn libben wei. Ik jou it út mysels en Heit jout it my werom.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
desimber 15, 2018 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.