Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (44)

desimber 8, 2018 12:09

Diel 6. De hoeder en syn skiep

Wa sizze se dat ik bin?

Markus 8

Guon sizze: “Hy is de profeet.” Oaren sizze: “Hy is de Soan fan God, de Rêder, de Kristus.” Oaren lizze dêr tsjinyn:
“Kristus kin dochs net út Galileä komme? Galileërs geane as gelikensen mei heidenen om, se komme byinoar oer ‘e flier, se ite inoars iten.”
Se tinke der ûngelyk oer en de autoriteiten freegje har feinten:
“Wêrom hawwe jim Him net oppakt?”
En de feinten sizze:
“Nea hat in minske sprutsen lykas dizze minske.”
“Hawwe jim jim ek al troch him ynpakke litten? Jim hearre by de folksklibers dy’t net witte wat goed foar har is.”
Nikodemus heart ek ta de autoriteiten. Hy seit:
Mar kinne wy wol ien feroardielje as wy net goed op ’e hichte binne fan wat er seit en docht?”
De oaren sizze:
“Komsto miskien ek út Galileä? Dêr komme gjin profeten wei, hear!”

As ien toarst hat, lit him by My komme om te drinken. Streamen fan libben wetter sille út it binnenste rinne fan wa’t yn My leaut.

Ik bin it ljocht fan ’e wrâld. Wa’t him op myn paad bejout, sil nea yn it tsjuster wêze. Hy sil it ljocht fan it libben sels hawwe.

Ik doch neat út mysels. Ik sprek sa’t de Heit it my leard hat. Hy hat my stjoerd. Hy is altyd by my, want ik doch altyd wat Hy graach sjocht dat ik doch.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

desimber 8, 2018 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*