Eksposysje Marboei-gedichten yn Obe

desimber 12, 2018 12:22

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift de Moanne en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe yn Ljouwert. Deputearre Sietske Poepjes iepenet de eksposysje no tongersdei 13 desimber om 20:00 oere.

Foto: Remco de Vries

In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreauwen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien. Op dizze eksposysje binne alle Marboei-gedichten mei-inoar te lêzen en te hearren yn it besikerssintrum Obe yn Ljouwert. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.

De oersettingen binne makke troch David Colmer, David McKay, Michele Hutchison, Joel Thomas Katz, Robert Perry en Saskia Stehouwer. Mei tank oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske gedichten nei it Nederlânsk oerset hat. Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries foar it Marboei-projekt makke ek te sjen yn de eksposysjeromte fan Obe.

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
De Marboeien lizze op bysûndere plakken yn it Fryske wetter. Foar dichters in boarne fan ynspiraasje. Sa makke dichteres Ellen Deckwitz foar it earst yn har libben in boattochtsje, seach Elmar Kuiper nei it ferline op de Swarte Brekken, ferruile Maarten Inghels foar ien dei de Antwerpske binnenstêd foar de Alde Feanen en gie Jaap Krol nochal op en del op de Sleattemer Mar.

Foar mear ynformaasje oer dit projekt, sjoch: www.marboei.frl en www.demoanne.nl.

desimber 12, 2018 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.