Dûbele lanlike erkenning foar Explore the North

desimber 22, 2018 09:00

Lanlike bydragen fan it Nederlânsk Letterefûns en it Fûns Poadiumkeunsten foar it Ljouwerter festival Explore the North yn 2019 en 2020.

Foto: Jantina Talsma/Explore the North

Nei in fol en slagge jier hat it Ljouwerter festival en begjinnend produksjeplatfoarm Explore the North, tanksij lanlike erkenning troch it Nederlânsk Letterefûns en it Fûns Poadiumkeunsten, in protte betrouwen yn de takomst. Beide ryksfûnsen stypje it festival yn de jierren 2019 en 2020. Yn 2018 ûntwikkele Explore the North mear eigen produksjes en (ynter)nasjonale en lokale gearwurkingen as ea.

Dit jier makke de organisaasje in wichtige ûntwikkeling troch. Explore the North wurdt neist it festival yn novimber ek in ynterdissiplinêr produksjeplatfoarm. De takenning troch in twa fûnsen jout moed en betrouwen om yn 2019 in wichtige posysje yn Fryslân en it noarden yn te nimmen. Dêrneist biedt it perspektyf om ynhâldlik te ferskerpjen en te ferdjipjen en op de lange termyn in ympuls te jaan oan it produksjeklimaat yn Fryslân.

Oer Explore the North
Explore the North is in jierliks ynterdissiplinêr keunstefestival mei in fokus op literatuer en poadiumkeunsten, dat de prachtige binnenstêd fan Ljouwert en syn ynwenners ynset as boarne fan ynspiraasje en as eftergrûn. It festival wurdt jierliks ein novimber holden. Explore the North presintearret in miks fan sjenres en dissiplines dy’t yn it ramt fan it festival in gehiel foarmje. Musisy út de klassike hoeke stean njonken helden fan de elektroanyske muzyk, jonge talintfolle skriuwers njonken ynternasjonale teatermakkers, Noardlike keunstners yn in ynternasjonale omjouwing, ynternasjonale keunstners yn it Fryslân fan no. De sechde edysje fan it festival wie op 22, 23 en 24 novimber 2018. Meikoarten makket it festival de data foar 2019 bekend.

desimber 22, 2018 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jabik desimber 22, 13:55

    Fan wa is dizze reklametekst foar in regiofrjemde klub mei har Ingelske namme?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.