Doch mei oan in ûndersyk nei taalgebrûk yn Fryslân
Resint ferskynd
Op it stuit begjint in grut ûndersyk nei it taalgebrûk yn Nederlân, Flaanderen en Suriname. Under de namme De staat van het Nederlands sykje ûndersikers út hokker talen oft dêr yn gebrûk binne, hoefolle minsken oft se behearskje, wannear’t se brûkt wurde en hokker miening oft minsken deroer hawwe.
Yn it ûndersyk nimt Fryslân in apart plak yn. Foar Fryslân wurde aparte sifers byholden. Dat jildt ek foar Brussel. Dat is dien, om’t dy twa gebieten al hiel lang meartalich binne, sawol yn ‘e praktyk as offisjeel. Om in goed byld fan ‘e taalsituaasje te krijen is it wichtich dat safolle mooglik minsken oan it ûndersyk meidogge.
It is de twadde kear dat it ûndersyk útfierd wurdt. De foarige kear wie yn 2016. Doel is dat it ûndersyk om ‘e pear jier op ‘e nij útfierd wurdt om ûntjouwingen yn kaart bringe te kinnen. Elkenien dy’t yn de neamde lannen of streken wennet, kin meidwaan. Dielname hâldt yn dat men anonym in fragelist ynfollet. Dat kostet mar in pear minuten. It ynfoljen kin hjir dien wurde:
https://www.meertens.knaw.nl/surveys/index.php/861942/.
It ûndersyk wurdt útfierd troch Frans Hinskens (Meertens Instituut), Johan De Caluwe (Universiteit Gent), Sita Doerga Misier (Instituut voor de Opleiding van Leraren) en Kevin De Coninck (Taalunie).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje