Direkteur en komsarissen SC Heerenveen stappe op

desimber 10, 2018 11:39

Nei algemien direkteur Luuc Eisenga nimt de folsleine rie fan komsarissen fan fuotbalklup SC Heerenveen dien. Reden is dat it bestjoer fan de stifting it betrouwen yn ‘e komsarissen opsein hat. De foarsitter fan ‘e rie fan komsarissen, Jorrit Jorritsma, seit dat de rie nije wike op ‘e miene gearkomsten net op ‘e nij beneamd wurde sil. Eisenga giet noch oan 1 maart ta troch.

Tsjin Omrop Fryslân sei direkteur Eisenga dat er tefreden weromsjocht op syn tiid by de Feansters. Hy seit: “ben blij dat het gelukt is om rust en structuur terug te brengen in het bedrijf.”

Dat der reboelje op kommendewei wie, wie al in skoft dúdlik. Ferline wike kaam yn it nijs dat haadsponsor GroenLeven lilk op Eisenga wie, om’t dy mooglik de yndruk jûn hie dat er derfoar soargje koe dat der sinnepanielen fan GroenLeven op it Abe Lenstrastadion komme soene. Dat koe er lykwols net, om’t it stadion net fan SC Heerenveen is, mar fan Sportstad Heerenveen. Mei oare sponsors soe Eisenga ek net in noflike relaasje ûnderhâlde, sa meldt Omrop Fryslân.

 

desimber 10, 2018 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.