De populêrste artikels fan 2018, mei Swarte Pyt, Redbad en Sis Tsiis

desimber 31, 2018 07:53

Wat ynteressearre de lêzers fan It Nijs it measte yn 2018? Yn ‘e foarige jierren wiene dat almeast fideokolleezjes, stikken oer de Fryske taal en eroatyske bydragen. Dat wie it ôfrûne jier in bytsje oars. Hjirby de top tsien:

10. Aant Mulder: Frysk op Riis
Ien fan ‘e bêst lêzen stikken fan 2018 is it ferslach dat Aant Mulder skreaun hat fan it festival Frysk op Riis.

9. Bestjoersleden Sis Tsiis stappe op om giele heskes
Yn 2018 wie de aksjegroep Sis Tsiis, dy’t opkomt foar better Frysk ûnderwiis, ferskate kearen yn it nijs. Plak njoggen yn ‘e top tsien is foar dit artikel, oer in skuorring yn ‘e lieding fan ‘e groep. Der is in soad op it stik reagearre.

8. Eltsenien hat rjocht op ferdigening
It meast beprate ûnderwerp fan 2018 wie miskien wol Swarte Pyt. Dêr is in protte oer skreaun, lykas dizze kollum fan abbekaat Tjalling van der Goot, riedsman fan de saneamde ‘blokkearfriezen’, dy’t in demonstraasje tsjin Swarte Pyt opkeard hawwe troch in sneldyk te blokkearjen.

7. ‘YouTube easket dat trailer film Redbad fuorthelle wurdt’
De midsieuske Fryske kening Redbad krige yn 2018 net te min omtinken. Net allinne in iepenloftspul, mar ek in film stelde de kening sintraal. Yn ‘e Feriene Steaten namen safolle minsken oanstjit oan de film dat er fan YouTube ferwidere is.

6. Help by it dichtsjen
Yn ‘e Sinteklaastiid koene guon lêzers wol wat help brûke by it skriuwen fan gedichten by harren kadootsjes. Dit artikel joech wat Fryske foarbyldgedichten.

Dan de top fiif:

5. Tekenje foar it Frysk
Dizze kollum fan Pier Bergsma giet oer in grutte hantekeninge-aksje om de Europeeske Uny ta mear aksje foar lytse talen lykas it Frysk te bewegen.

4. Jonge (15) út Ingelum wer terjochte
De fermissing fan de 15-jierrige Anne Pieter Postma út Ingelum waard troch de lêzers fan It Nijs sekuer folge. De ferromming wie grut doe’t er feilich en sûn wer boppe wetter kaam.

3. 17e-ieusk eroatysk Frysk liet út West-Fryslân fûn
Dochs noch wat erotyk yn ‘e top tsien fan 2018, en ek wat oer de Fryske taal. It wie ûnder wittenskippers nammentlik grut nijs: oant yn ‘e 17e ieu waard yn Noard-Hollân nammentlik noch Frysk praat, sa’t bliken die út in eroatysk Frysktalich gedicht út in streek krekt boppe Amsterdam.

2. Reuzen yn Ljouwert grutte poppekast
Dat Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wie, sil net ien ûntgien wêze. It Nijs bestege fansels ek omtinken oan de festiviteiten út it haadstêdjier. Kollumnist Nanne Hoekstra wie net sa te sprekken oer ien fan ‘e eveneminten, wat in protte reaksjes úthelle.

1. Dêr wolle jo dochs net by hearre?
It alderpopulêrste stik fan 2018 giet ek oer Swarte Pyt. It is in kollum fan Jabik van der Bij, dy’t mar leafst 65 reaksjes krige. It stik is sa’n 1300 kear lêzen.

 

desimber 31, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. RobMokum maart 15, 18:58

    Niiskrekt foar it earst de film “Redbad” sjoen. Spitich dat krekt troch de Franken Ingelsk sprutsen en troch de Friezen Nederlânsk (dat krekt ôfstamt fan’t Frankysk). Wol moai dat de dvd (ja, ik bin in fossyl) ûndertiteling hat yn’t Frysk. “Sportman fan’e ieu” hie in Frysk karmenu, mar neffens my is dit dochs eat nij foar in spylfilm. Dochs nea wat oer lêzen op It Nijs….

  2. Redaksje maart 15, 19:15

    Yndied, nijsgjirrich nijs, fan dy Frysktalige ûndertitels, RobMokum. Tank foar it trochjaan. Dit stie wol op It Nijs :https://www.itnijs.frl/2018/06/skiednis-redbad-op-e-nij-skreaun/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.