De helte minder CO2-útstjit yn Fryslân yn 2030

desimber 20, 2018 07:26

Mei 1300 MW oan sinnepanielen en 600 MW oan wynmûnen kin Fryslân yn 2030 de helte minder CO2 produdusearje. Dat stiet yn de Routekaart Fryslân 2030, in ferkennend ûndersyk nei mooglike senario’s. De Provinsje liet ek ûndersykje hoe’t de waarmtefoarsjenning yn Fryslân organisearre wurde kin en hoe’t ierdwaarmte bydrage kin oan de enerzjytransysje. De Warmtekaart Fryslân bringt de opsjes en kosten dêrfan yn byld.

Yn it rapport Routekaart Fryslân 2030 stiet hoe’t Fryslân yn 2030 in CO2-reduksje fan 49% berikke kin. Yn it einbyld foar 2030 is it enerzjyferbrûk mei in fearn ôfnommen en wurdt 38% fan de enerzjy dêr’t dan ferlet fan is duorsum wûn. It senario wurdt ynfolle mei 1300 MW sinne-enerzjy en 600 MW wynenerzjy. As tuskenstap is ek in byld foar 2024 sketst. Belangryk: it giet by dit ûndersyk om ferkennende senario’s.

Waarmtekaart
Yn it rapport Warmtekaart provinsje Fryslân stiet hoe’t yn de fraach nei waarmte en kjeld sa foarsjoen wurde kin dat klimaatneutraliteit yn 2050 tsjin sa leech mooglike kosten berikt wurdt. Yn 2050 moatte we fan it ierdgas ôf wêze. Dat is gjin blaudruk fan hoe’t it moat, mar wol in kostetrochrekkening fan alle kombinaasjes yn in buert.

De Warmtekaart is de earste stap foar gemeenten om te kommen ta in Transitievisie Warmte dy’t ein 2021 fêststeld wêze moat troch de gemeenteried.

De Fryske oerheden wurkje hieltyd mear mei-inoar gear en mei oare belanghawwenden foar in klimaatneutrale oerheid. Yn Nederlân is ôfpraat dat der oeral Regionale Enerzjystrategyen (RES) foarme wurde. Fryslân hat yn 2017 meidien oan in proef, dy’t late ta de Fryske Enerzjystrategy (FES). Dy wurdt op ’e nij brûkt en oanpast: fan FES nei RES. It opstellen fan de RES begjint begjin takomme jier ûnder rezjy fan de Vereniging Friese Gemeenten, de Provinsje, Wetterskip Fryslân en Alliander. Gemeenterieden, Provinsjale Steaten en it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân stelle dy fêst. De beide rapporten binne boustiennen foar de op te stellen RES.

Mear ynformaasje: www.fryslan.frl/energiestrategie.

desimber 20, 2018 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.