De beloften oer it lienstelsel binne net neikommen

desimber 10, 2018 09:48

Studinten moasten yn 2015 harren basisbeurs ynleverje. Sy soene dêr oare dingen foar weromkrije. Dochs hawwe de ynstellingen harren net oan dy ôfspraak holden.

DUO yn Grins (foto: Wikipedia/ Wutsje – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Yn totaal wie der in miljard euro tasein om te ynvestearjen yn it ûnderwiis en dochs is de kânsûngelikensens yn it ûnderwiis de ôfrûne jierren net ôfnommen, mar tanommen. Dêrnjonken soene de ûnderwiisynstellingen yn de jierren foar 2018 alfêst ynvestearringen dwaan. De Algemene Rekenkamer hat dat jier konkludearre dat ynstellingen net de miljoenen ynvestearre ha yn better ûnderwiis dy’t se tasein hawwe.

Yn 2015 ferdwûn de basisbeurs, mar tanksij dy maatregel soe der yn de takomst ien miljard euro frijkomme om it heger ûnderwiis te ferbetterjen. Yn de realiteit bliuwt der 820 miljoen euro oer. “Om te janken”, seit foarsitter Geertje Hulzebos fan de Landelijke Studentenvakbond. “Dat miljard is studenten beloofd.”

desimber 10, 2018 09:48
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes desimber 15, 11:57

    It regear hat noch nea betrouber west. Alle moaie wurden om neat. Yn dit regear binne de sinten it wichtichst en de minsken komme efteroan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.