Dat it net wat oars kin!

desimber 11, 2018 10:56

Kollum

In kursist mailde my dat se guon dingen om har hinne mar min sette kin. Se neamde in foarbyld en einige har mail mei de opmerking ‘Ik bin poer’.
No hiene dy dingen aldergelokst net mei my te krijen, mar likegoed bleau dy opmerking hingjen. Der is sa no en dan genôch om poer om te wurden, om jin drok om te meitsjen. Guon lûke giele heskes oan, oaren blokkearje autodiken en wer oaren diele op de Nijstêd struibrieven út. En dan binne der fansels de ynstjoerde stikken en de kollums. Dêr doch ik ek oan mei. Ik kin foar Omrop Spannenburg fertelle wêrom’t ik my om guon dingen drok meitsje en dat kin ik wer yn kollums op It Nijs kwyt. Ornaris ha myn kollums en fan en ta myn argewaasje oer guon dingen mei de Fryske taal en mei Fryslân te krijen.

Sûnt twataligens te min opsmyt, wurdt hieltyd faker ynset op trijetaligens. Dat fyn ik net ferkeard, mar ik krij it gefoel dat it Frysk as ien fan twa talen of sels as ien fan trije talen der te min ta docht. Dêr bin ik net poer om, mar ik kin my der wol drok om meitsje. Dat jildt benammen de Ingelske wurdsjes. Wy ha argewaasje fan ynterferinsjes út it Hollânsk wei en dat ha we mei rjocht en reden. Underwilens liket it wol oft it Ingelsk hieltyd faker foar master opslacht. It tilt op fan Ingelske wurdsjes en Ingelske reklame. Dat binne net iens ynterferinsjes. Dat is gewoan Ingelsk. Dat ik dêr no oer begjin, hat alles te krijen mei it feit dat hieltyd faker dy Ingelske wurden mei alles wat der by heart rûnom ferskine. Dat docht benammen yn dizze tiid fan it jier wer aaklik dúdlik bliken. Dat begûn al mei Halloween. Dat wurd en dat feest – as jo dat in feest neame kinne – hearre net thús yn ús taal en kultuerl Wy ha om dy tiid hinne Sint-Marten mei lampionnen en yn guon streken brânbulten, alteast dat wie sa. It duorret grif ek gjin skoften mear en dan rinne de bern net mear mei lampionnen mar mei útholle pompoenen. Black Friday hat suver ek wol wat fan sa’n nij feest. It is yn alle gefallen in feest foar de middenstân! Sinteklaas liket by alle diskusje noch wol efkes stân te hâlden. Dêr lûkt Santa Claus him lykwols neat fan oan. Dy komt hieltyd earder en fielt him hjir sa stadichoan folslein thús. De Ingelske wurden en de Ingelske taal dy’t by dat feest hearre binne hiel gewoan. Wy ha it net folle mear oer de krystdagen of oer krysttiid. Nee, it is Christmastime mei Christmas Eve en wa’t nei de radio harket of nei de telefyzje sjocht kin net om de Christmascarols hinne. Ald en Nij moat ik fansels net oerslaan. Dan roppe we ommers hieltyd faker fan ‘happy new year’.

Wy nimme net allinne de Ingelske wurdsjes, de Ingelske taal oer, mar wy nimme dus ek dy feesten mei alle gewoanten dy’t dêr by hearre oer. Us eigen feesten dogge der hieltyd minder ta. Dy ferdwine sa, kultureel erfgoed of net! It giet sels safier dat yn de foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy (taalweb.frl) skreaun wurdt dat Ingelske wurden safolle mooglik ûnferoare brûkt wurde moatte. Dat wurde dus hieltyd mear Ingelske feesten yn de Ingelske taal! It Charles Dickensfestijn yn Dimter dat no al foar de 28ste kear holden wurdt, betsjut dat fan Dimter suver in 19de iuwske Ingelske stêd makke wurdt. Dêr kinne jo dan genietsje fan Scroodge, fan Oliver Twist, Mister Pickwick, fan de Christmas Carol Singers en mear. No ja, sille jimme sizze, Dimter leit net yn Fryslân. Dat is sa fansels. It makket tagelyk wol dúdlik dat it net allinne ús probleem is. Yn Hollân giet it krektsa. Ik wie ek hielendal net oer Dimter begûn as dy goarre dêrwei net diskant út kommen wie. Wy ha ommers ek al sokke festivals yn Ljouwert, Dokkum, De Lemmer en wa wit wêre noch mear! It is dúdlik, der komt in protte folk op ôf en dat is goed foar de stêd en foar de middenstân yn dy stêden. Wêrom soene josels wat betinke as it sukses gewoan kopiearre wurde kin. Ik soe lykwols folle leaver wolle dat we wat mear gewoan ús eigen dingen dwaan soene. Dat kin!

 

Ik hie ferwachte dat dat der no yn it jier fan LF2018 ek wol fan kommen wie. As we weromtinke oan foarbije tiden en oan krysttiid sa’t dat by âlds wie, dan komme we hast as fansels by de Halbertsma’s terjochte. Dat binne Grousters fan komôf. Dêrom, Grou werombringe nei de tiid fan de Halbertsma’s mei dominy Joast en dokter Eeltsje en om my ek mei Tsjalling en Binnert as haadpersoanen fan in grut ferskaat oan ferhalen, winterske tafrielen yn in wintersk Grou. Dat hie samar kinnen, want krekt fan ’t jier ha se dêr yn Grou mei lêzingen, tentoanstellingen en in iepenloftspul mei Freark Smink as Gabe Skroar yn de haadrol, in protte omtinken jûn oan de Halbertsma’s. As ik it goed begrepen ha, duorre dat Halbertsmajier oan ein novimber ta. Spitich! It soe dêrom wat foar de ‘legacy’ wêze en kom it oare jier om krysttiid hinne mei sa’n Gabe Skroarfeest. Gabe Skroar, om’t it allegearre begûn mei De lapekoer fan Gabe Skroar as earste begjin fan de Rimen en teltsjes fan de Halbertsma’s.

Sels tink ik dan daliks oan De jonkerboer, of Krysttiid en Sint Steffen yn Ald-Fryslân, Miswier, De twadde jûn en oars wol oan nijjierswinsken as Nijjierswinsk oan in âld boargemaster en Nijjierswinsk foar 1841, of, wer hiel wat oars, De Likeblommen en mear. De ferhalen út de Rimen en teltsjes kinne hast allegearre wol prachtich ferteld, foarlêzen en spile wurde om hurd en hurdfjurren hinne.

No sa, Ik ha my efkes wat gean litten. Likegoed kin ik min oer al dy feesten dy’t út Amearika en Ingelân wei mei ham en gram oernommen wurde. Mar dat ik der no poer om wurdt, dat is no ek wer net sa.

foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’

 

 

desimber 11, 2018 10:56
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Herre desimber 11, 10:07

    Halbertsma-tyd yn Grou… In poer bêst idee, Aant!

  2. jangerben desimber 11, 21:36

    Wat dy Amearikaanske en Ingeiske ynfloeden oanbelanget bin ik it folslein mei jo iens Aant.No stiet dy útholle pompoen wol ticht by de útholle koolraap dy’t flak nei de oarloch by brek oan better wol brûkt waard as lampion.

  3. mbc84 desimber 12, 17:01

    Dat idee fan in Halbertsma-tyd-festival liket my skoan wat ta! En Aant hat hjirmei hielendal gelyk! Mar ja, krekt lykas by ús yn Fryslân hawwe de Hollanners ek de sykte fan it fuort-mei-ús. Wat mear at de eigen kultuer bagatallisearre wurde kin, wat better it is.
    Ik wurkje yn in ynternasjonaal fermidden, of lit it my sa sizze mei bûtenlânske (Ingelsktalige) klanten. In pear fan myn kollega’s komme út it bûtenlân en prate net allegearre like goed Hollânsk. De measte gearkomsten dy’t wy hawwe binne noch wol yn it Hollânsk en de algemiene omgongstaal is foar it grutste part (noch wol) Hollânsk. Dizze kollega’s wolle wol graach Hollânsk leare mar se krije der by ús op it wurk net de kâns ta. Eltsenien praat like maklik Ingelsk en elts (útsein ik) ferpoft it om Hollânsk mei harren te praten. Inselde soart gedrach haw ik altyd sjoen by de Friezen, altiten mar Hollânsk prate mei dyjinge dy’t al jierren yn ús Fryslân wennet. It waard sels sa gek doe’t ik op in bepaald stuit twa Hollânsktalige kollega’s Ingelsk meiïnoar praten hearde… Lit it dúdlik wêze dat hjir gewoan sprake is fan selsûntkenning en in minderweardichheidsgefoel, eat dat hjoed-de-dei troch de linkse media en politisy noch mear stimulearre wurdt.
    Faaks soenen wy Friezen ús hjir om fermeitjse kinne, witte hja ek ris wat it is. Lykwols, dit is gjin goede ûntjouwing/ûntwikkeling. Dit seit hiel wat oer de kultuer of it brekme deroan by dizze minsken en it respekt dat se der foar hawwe. Se wolle der neat mear oan dwaan, en dêrmei soest sizze kinne dat it spul út is. Sa ferdwine dus folken en harren talen…

  4. HJW desimber 12, 17:22

    Akkrum kaam aardich yn ‘e buert tinkt my. Fierder bin ik it wol mei dy iens. Ien opmerking, ik fyn de kollums fakentiids oan de lange kant.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.