Bysûndere biskopsmunt yn Boalsert

desimber 13, 2018 09:58

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

By de opgravings efter it stedhûs yn Boalsert is in bysûndere munt fûn: in sulveren biskopsmunt út nei alle gedachten de tolfde iuw. Hokker biskop it saneamde muntrjocht hie, en dus opdracht joech foar it slaan fan de munt, is noch ûndúdlik.

“It is ûnwierskynlik dat it de biskop fan Myra west hat, ús Sinteklaas, want dy is al om 340 nei Kristus hinne stoarn”, seit archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Mar wy sykje it út.”

Pingsdorf ierdewurk
Yn twa wike fjildwurk hawwe de ûndersikers foaral saken oantroffen dy’t al ferwachte wiene. De âldste spoaren binne fan sa’n tûzen jier lyn. “De âldste fynst oant no ta komt út de tsiende iuw, saneamd Pingsdorf ierdewurk.”

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Fierder binne der fûneminten fan huzen en bygebouwen fûn út ferskate perioaden. Der binne ek tsjokke houten peallen oantroffen fan in dragende boukonstruksje. “Fierder liket it derop dat wy in part fan de befluorring fan in âlde steech bleatlein ha”, fertelt Boonstra. “En der binne sleatten, bearputten en ôffalkûlen, wetterkûlen en wetterputten oanwêzich.”

Iverich fierder grave
De ûndersikers stelle fêst dat se no dwaande binne “op ’e râne fan ien fan de trije terpen dêr’t Boalsert op boud is”. Njonken dy terp is bebouwing fûn. “Earne yn de tolfde iuw foarme de Marneslink, de see-earm dy’t tichtby lei, gjin gefaar mear foar de diken en it lân. Dêrtroch wie opheegjen fan de wenheuvel net mear nedich en waard, foar de romte, nei it iepen fjild lutsen.”

De archeologen fan RAAP grave de kommende wiken fierder. In lyts part fan it op te graven gebiet leit no bleat. “It ferhaal oer de âldste skiednis fan Boalsert wurdt alle dagen oanfolle.” Sels sjocht Boonstra út nei wat it ûndersyk yn de âldste laach opsmyt. “Giet de terp twatûzen jier tebek, krekt as dy fan de Martinitsjerke efkes fierderop? Ik bin tige benijd.”

desimber 13, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.