Bussen Arriva yn Súdeast Fryslân op biodisel

desimber 10, 2018 11:57 Fernijd

Easterwâlde – De 48 bussen yn Súdeast Fryslân sille yn alle gefallen oant 2022 – de ein fan de hjoeddeiske buskonsesje – op biodisel ride. Dat stiet yn de ferfiersbedriuw-planner fan Arriva.

Foto: Wikipedia – publyk domein

Yn it ramt fan de Alvewegetocht dizze simmer rieden de omtrint twahûndert bussen op biodisel. Doe die lykwols bliken dat it ferwaarmingssysteem yn de bussen, dat ek op disel út de tank fan de bus draait, net geskikt is foar biodisel. Yn de bussen fan Noard- en Súdwest-Fryslân koe de leveransier gjin garânsje jaan foar it langer riden op biodisel. Foar de nijere generaasje bussen yn Súdeast Fryslân koe dat wol.

Arriva sil no de ferwaarmingssystemen yn dy 48 bussen yn Súdeast Fryslân oanpasse, om se klear te meitsjen foar biodisel. Foar de kosten dêrfan en foar de hegere brânstofkosten kriget Arriva hast 82.000 euro subsydzje fan de Provinsje. Trochdat biodisel 80 prosint minder CO2 útstjit as reguliere disel, soe de maatregel neffens ferwachting in CO2-besparring twatûzen ton it jier opleverje.

desimber 10, 2018 11:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.