Brede koälysje foar Noardeast-Fryslân

desimber 18, 2018 12:15

De nije gemeente Noardeast-Fryslân kriget nei alle gedachten in koälysje fan CDA, FNP, S!N, ChristenUnie en VVD. Dat advys brocht ynformateur Theo Joosten út nei beried mei alle acht fraksjes. Ynhâldlike oerienkomsten, de ferkiezingsútslach en de winsk om in kolleezje te foarmjen dat op in breed draachflak rekkenje kin, brochten him ta dy konklúzje.

In nije gemeente freget om in stabyl bestjoer. In brede koälysje jout dêr de bêste kânsen ta. Dat it kolleezje út fiif leden bestean sil, hoecht net yn te hâlden dat der fiif folsleine wethâldersfunksjes komme.

Ut de petearen mei alle partijen kaam nei foaren dat kontakt mei de befolking en mei fertsjintwurdigjende organisaasjes fan grut belang achte wurdt. Der sil dêrom mei in riedsaginda wurke wurde dêr’t de ûnderwerpen yn steane dy’t troch alle partijen droegen wurde. Dêr sil earst mei de mienskip lykas it Doarpe- en Wikefûns oer praat wurde.

Der komt ek in koälysje-aginda dêr’t de beliedsfoarnimmens oer oare ûnderwerpen yn fêstlein wurde. Dêr wurdt yn de formaasjefaze al oer praat. De fiif koälysjepartijen hawwe Theo Joosten ek as formateur oanwiisd.

It doel is dat it kolleezje yn de riedsgearkomste fan 2 jannewaris beneamd wurdt.

desimber 18, 2018 12:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.