Bouwe de Boer: Fryslân Skjinnerlân 20

desimber 1, 2018 08:00

VanOns is fan-ús!

Kollum

De omslach nei duorsume enerzjy stiet oan it begjin fan in grutte fersnelling. Dat rekket ús allegearre. Wy kinne der net mear omhinne. It ‘grienste kabinet ea’ wol yn it earste fearnsjier fan 2019 maatregels oankundigje om it útstjitten fan CO2 drastysk te beheinen. Dy opjefte is ûnfoarstelber yngripend. Ferkear, huzen, bedriuwen…  wy geane in nijsgjirrige tiid yn ’e mjitte! Elkenien hat it oer de kosten dy’t dat meibringt. En dat is fansels ek sa. It is mar krekt hoe’t men it besjocht. De maatregels leverje lykwols ek nochal wat op.

In trochsneed húshâlding betellet bygelyks alle jierren sa’n trijetûzen euro oan enerzjy: gas, stroom en benzine of disel foar de auto. Yn fyftjin jier is dat al gau 45.000 euro, weismiten jild. Men kriget der neat foar werom, nea wer. Stel, men kin datselde bedrach ynvestearje yn duorsume enerzjy: sinnepanielen, waarmtepompen, pelletkachel, in auto op griengas of elektrysk. Yn dat gefal kriget men der neist in goed gefoel wól wat foar werom: fergeze stroom, goedkeapere brânstof en lokale wurkgelegenheid. Men ynvestearret dêrmei yn wurk, skjinnere lucht, minder kosten en in bettere takomst foar de folgjende generaasje.

Mar ja, wêr begjint men dan? Sinnepanielen, dat is faak it maklikst. Mar noch hieltyd net superienfâldich. Wa moat men dêrfoar hawwe? Wêr kin men eventueel jild liene? Isolearje? Wat is it bêste? Wa moat men skilje? Gelokkich binne der yn Fryslân in soad enerzjykoöperaasjes, allegear doarpen dêr’t minsken har ynsette om de drompels te ferleegjen. Dy koöperaasjes wolle graach helpe en dat kinne se ek hieltyd better. Dêr kinne jo oan meihelpe. Hoe? Maklik genôch: dy koöperaasjes hawwe mei-inoar in eigen enerzjybedriuw oprjochte, VanOns (www.energie.vanons.org). Dat is in enerzjybedriuw fan ússels.

Enerzjy fan eigen boaiem út sinneparken, wynmûnen en biogasynstallaasjes út Fryslân. De winst fan dat bedriuw is fan ús. Dy giet werom nei de doarpen dêr’t de klanten sitte. Alle jierren sa’n 75 euro de klant.

  • 100 klanten yn Grou soe sa’n 7500 euro it jier wêze;
  • 1000 klanten yn Akkrum? Sa’n 75.000 euro alle jierren.

En dat Fan-ús!

Wolle jo meidwaan? Stap oer nei Enerzjy VanOns en doch mei! It docht derta, want: VanOns is… fan ús!

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fossylfrij Fryslân.

 

 

 

desimber 1, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*