Biologyske lânbou soarget foar mear broeikasgas

desimber 16, 2018 14:42

Troch de biologyske lânbou komt der mear koaldiokside yn de luchtlagen om ’e ierde hinne. Dat draacht by oan it broeikaseffekt, dat makket dat de ierde waarmer wurdt. De moderne lânbou is wat dat oangiet minder skealik, sa docht bliken út Sweedsk ûndersyk.

De ûntdekking is dien troch de ûndersikers Stefan Wirsenius, Timothy Searchinger, Tim Beringer en Patrice Dumas fan de technyske universiteit Chalmers yn it Sweedske Goateburch.

Grutter oerflak

“Neffens ús ûndersyk is de ynfloed fan biologyske earte op it klimaat de helte grutter as dy fan earte út ’e reguliere lânbou”, seit Wirsenius. “Foar oare iterij is it ferskil noch grutter. By Sweedske winterweet is it ferskil bygelyks hast santich persint.”

Dat biologyske bou mear oan ’e klimaatferoaring bydraacht as reguliere boubuorkerij is neffens de ûndersikers it gefolch fan it gewier fan it brûkte oerflak. De biologyske boer belêst it miljeu sels minder, mar trochdat er gjin keunstdong brûkt, bringt syn grûn minder op. Mei’t de fraach nei iten wrâldwiid net ôfnimt, moat der oarsearne mear lânbou komme.

Molke en suvel

“It gruttere ferlet fan grûn by biologyske lânbou laat yndirekt ta in hegere útstjit fan koaldiokside troch ûntbosking”, seit Wirsenius. “De produksje fan iterij hinget gear mei de ynternasjonale fraach en oanbod. Dêrtroch hat hoe’t wy yn Sweden buorkje ynfloed op ’e ûntbosking yn ’e tropen. As wy mear lân brûke om likefolle iten te produsearjen, dan drage wy yndirekt by oan it tanimmen fan ’e ûntbosking op oare plakken yn ’e wrâld.”

Wat foar de bou jildt, jildt ek foar de feehâlderij. Biologysk fleis en biologyske suvel binne skealiker foar it klimaat as har wjergaders út de reguliere buorkerij, sa seit Wirsenius. Hy leit út: “Om’t der foar it produsearjen fan biologysk fleis en biologyske suvel biologysk fretten brûkt wurdt, is der ek mear grûn foar nedich as foar reguliere feehâlderij. Dat wol sizze dat wat foar weet en earte jildt, ek fan tapassing is op fleis en suvel.”

Koalstof yn beammen

De ûndersikers hawwe foar harren ûndersyk in nije mjitwearde ûntwikkele: de Carbon Opportunity Cost (skea troch it frijkommen fan koalstof). By it berekkenjen fan dy wearde is ynbegrepen hoefolle koalstofdiokside oft frijkomt troch it kapjen fan beammen. Yn bosken sit nammentlik in protte koaldiokside, dy’t yn dy foarm net bydraacht oan it broeikaseffekt, mar dy’t wol skealik wurdt as der beammen kappe wurde.

“Dat mear lângebrûk min is foar it klimaat is in ynsjoch dat yn eardere ferlikings fan biologyske en reguliere produkten mar in lyts bytsje omtiken krige hat”, seit Wirsenius. “Dat is in slim fersin. Yn Sweden binne plannen om de produksje fan biologyske lânbouprodukten te fergrutsjen. As dy plannen útfierd wurde, dan draacht Sweden nei alle gedachten in protte by oan de fierdere opwaarming fan de ierde.”

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Nature. Klik hjir. foar in gearfetting.

desimber 16, 2018 14:42
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric desimber 17, 15:01

    Dit soart artikelen is like tryst as dat je foaral gjin fruit ite moatte, want dêr sit safolle sûker yn. Of dat kuierjen it miljeu swierder belêst as de auto omdat je it oare ferkear mear ophâlde en je mear tiid nedich hawwe om te plak te kommen. Of dat je mear alkohol drinke moatte, want dat is goed foar je hert. Of dat je 2 miljard oan grutoandielhâlders jaan moatte, oars komt it haadburo net yn NL te stean. Of dat wy it Frysk ôfskaffe moatte,want it stiet de yntegraasje fan bûtenlanners yn ‘e wei. Of dat softdrugs goed binne want dan brûkt men gjin harddrugs. Of dat men besunigje moat op de minima, want dan leare se noch better om sunich om te springen mei har jild. Of dat in belestingkoarting dêr’t de gewoane frou rjocht op hat, gjin belestingkoarting is, mar in oanrjochtsubsydzje.

  2. Nanne desimber 19, 10:42

    Biologyske lânbou kin likegoed heechproduktyf wêze, lykas It Nijs yn 2013 al melde: https://www.itnijs.frl/2013/05/yntinsive-biologyske-lanbou-komt-deroan/.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.