Beweging foar mear twataligens by Malteeske oerheid

desimber 16, 2018 15:18

Twatalich boerd op Malta (boarne: Wikipedia / Frank Vincentz, CC BY-SA 3.0)

Hoewol’t it Malteesk de nasjonale taal fan Malta is en boppedat de foarste offisjele taal, is de rol fan it Malteesk by de oerheid folle lytser as dy fan it Ingelsk – de twadde offisjele taal. Dat moat oars, seine ferskate wittenskippers, taalbewegers en ûndersikers ferline wike op in gearkomste oer de takomst fan it Malteesk, organisearre troch de Europeeske Kommisje.

Der binne mar twa Malteeske ministearjes dy’t in twatalich webstee hawwe. Dêr komt men boppedat earst op ‘e Ingelsktalige ferzje en moat men trochklikke nei de Malteesktalige. Dat it Malteesk oan ‘e krapperein komt, is net allinnich in probleem foar taalbewegers, mar ek foar de boargers. Ut ûndersyk hat nammentlik bliken dien dat minder as tachtich persint fan ‘e Maltezers it Ingelsk goed behearsket, wylst hja hast allegear Malteesk prate.

Wittenskipper Michael Spagnol wiisde derop dat de Europeeske Uny alle regelings yn it Malteesk oerset, wylst de eigen Malteeske oerheid yn ‘e measte gefallen inkeld mar yn it Ingelsk kommunisearret. Thomas Pace fan de nasjonale rie foar de Malteeske taal wiisde derop dat alle amtners fan ‘e Malteeske oerheden twatalich wêze moatte, mar dat hja it Malteesk sa’n bytsje brûke dat hja har ûnwis fiele as it om it skriuwen fan it Malteesk giet.

It Malteesk in besibbe oan it Arabysk. It is de oarspronklike taal fan Malta en de thústaal fan hast alle ynwenners. De measte Maltezers prate ek Italiaansk. Trochdat Malta in Ingelske koloanje west hat, is it Ingelsk der de bestjoerstaal wurden. Doe’t Malta yn 1964 ûnôfhinklik waard, bleau it Ingelsk yn ‘e praktyk de wichtichste bestjoerstaal. Op ‘e basisskoalle wurdt it Malteesk brûkt, mar yn it fuortset ûnderwiis en op ‘e universiteit is it Ingelsk meast de fiertaal.

desimber 16, 2018 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.