Bestjoersleden Sis Tsiis stappe op om giele heskes

desimber 17, 2018 22:15

Demonstraasje fan Sis Tsiis yn septimber 2017

Bestjoersleden Friduwih Riemersma en Abe de Vries hawwe harren by de Keamer fan Keaphannel útskriuwe litten as bestjoersleden fan aksjegroep Sis Tsiis. Dat docht frou Riemersma te witten op it webstee fers2.

Sis Tsiis wurdt yn 2016 oprjochte as aksjegroep dy’t stribbet nei bettere Fryske lessen op skoalle. De groep komt yn desimber 2016 yn it nijs mei in fakkeloptocht troch Ljouwert om omtinken te freegjen foar de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk. Yn septimber 2017 organisearret Sis Tsiis wer in protestoptocht mei dat doel. Dy giet nei it Reaklif by Warns. It Nijs hat ferskate kearen oer aksjes fan Sis Tsiis berjochte. Klik hjir foar in oersjoch.

Swarte Pyt

Ein 2017 ûntstiet strideraasje yn de aksjegroep, sa skriuwt Friduwih Riemersma op fers2.eu. Oanlieding is it tichtsetten fan sneldyk A7 troch minsken dy’t demonstranten tsjin Swarte Pyt opkeare wolle. Neffens in part fan Sis Tsiis docht dat it oansjen fan de groep skea. De Ljouwerter Krante berjochtet dan dat Sis Tsiis útinoar fallen is. It stik is hjir te lêzen.

Frou Riemersma skriuwt dat it opkearen fan demonstranten it skeinen fan it demonstraasjerjocht is en dat soks in minne útstrieling hat op Sis Tsiis, om’t dy organisaasje it rjocht op goed ûnderwiis yn de memmetaal as minskerjocht beskôget en ek juridysk besiket om dat rjocht te heljen. Sis Tsiis-foaroanman Piter Dykstra reagearret begjin 2018 op It Nijs op ‘e strideraasje. It stik stiet hjir te lêzen.

Giele heskes

Neffens frou Riemersma hat Sis Tsiis foar in ferkearde nije koerts keazen. Hja skriuwt oer de foaroanlju: “Ynstee fan harsens brochten hja ekstra hannen yn Sis Tsiis, lju dy’t faak net wisten wat in minskerjocht is, mar har bêst ris nuttich meitsje woene mei in flagge.”

Koartlyn slút Sis Tsiis him oan by de spontane aksjegroepen dy’t yn ferskate lannen yn giele heskes protestearje. Frou Riemersma skriuwt: “Diken blokkearje yn in giel heske! Myn Sis Tsiis! Dêr’t ik ea fol hope de namme foar betocht, mienend dat wy ús frustraasje yn banen liede koene, ús koördinearre kollektive punt meitsje, ús meiminsklikens en it rjocht triomfearje litte en net allinne stilstean by jo eigen rol.” Hja beslút dêrom om nei de Keamer fan Keaphannel ta gean en har as bestjoerslid útskriuwe te litten. Klik hjir om it stik op fers2 te lêzen.

It webstee fan Sis Tsiis is hjir te finen: https://sistsiis2016.wordpress.com/.

OANFOLLING 22 DESIMBER 2019:
De Ljouwerter Krante fan 21 desimber hat ûnder de titel ‘Oprichters stappen uit Sis Tsiis’ in berjocht opnommen oer de kwestje. De krante skriuwt: “Ze [=Friduwih Riemersma] neemt haar beschuldiging terug dat Sis Tsiissers zich bij de internationale tegenbeweging van de gele hesjes hebben aangesloten. Dat klopt ook helemaal niet, zegt Dijkstra. Evenals de link met de blokkeerfriezen. ,,Dat framed sy op ús, mar dêr ha wy neat mei as groep.’’”

desimber 17, 2018 22:15
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Abe desimber 17, 22:31

    Lytse korreksje: net SisTsiis is opheft, mar it bestjoerslidmaatskip fan Riemersma en mysels.

  2. Redaksje desimber 17, 22:35

    Tank, oanpast!

  3. Cor Jousma desimber 18, 10:07

    In wiis beslút fan dy twa. Safolle frustraasje en safolle drek rjochting de oare Sis Tsiis’ers docht Sis Tsiis gjin goed.

    It nije webstee mei alle aktiviteiten fine jo op:
    http://sistsiis.frl

    Boppedat fine jo de profilen Frysk op:
    https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Basisskoallen)
    https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Fuortset_Underwiis)

    De karavaan giet fierder…

  4. Abe desimber 18, 11:56

    Foaral nearne op yngean, Jousma. In protte súkses mei de ûnôfhinklikheidsstriid. Spitich dat de taal jim Gross Fryslond net mear meimakket. Mar wy ha mei ús grize kopkes wol moai flachjeswaaid, of net dan?

  5. Friso desimber 18, 12:25

    Sil Abe no ek syn efternamme feroarje yn De Hollanner?

  6. Cor Jousma desimber 18, 15:08

    Achte redaksje,

    Ik wit net oft it sitaat “Koartlyn slút [sluet] Sis Tsiis him oan by de spontane aksjegroepen dy’t yn ferskate lannen yn giele heskes protestearje.” foar de redakteur of foar rekken fan frou Riemersma komt, mar it WIE foar ús in grut riedsel. Sis Tsiis – sis mar de hjoeddeiske – hat hielendal neat mei dy ynternasjonale Giele Heskes te krijen.

    Mar as jo yn Ljouwert (jo) manifestearje wolle, dan kin soks allinne mar op betingst dat der altiten minimaal twa yn in heske by rinne/binne. Soks mei it each op helpferlieners en plysje.

    Ik tink dat it riedsel no wol oplost is.

  7. Abe desimber 18, 17:56

    Watfoar rekken komt fan Riemersma kin Jousma sels wol neigean, de link nei it foaropwurd fan Fers2 stiet der ommers by.

  8. Piter Dykstra desimber 18, 21:13

    It is ivich spitich dat minsken út Sis Tsiis weirinne. Wie stride ommers foar in mienskiplik doel. Wêrom sil men dan spul meitsje? Mei inoar der foar en eltsenien yn de eigen wearde litte, is myn motto.

    It is ek wol tige spitich dat Friduwih Riemersma neat mear heard hat fan de ‘lawclinic’ yn Leien, dy’t helpe soe om it bernerjocht op Frysk ûnderwiis foar it Europeeske Hof te bringen.
    Mar ik ha net it idee dat dat wat mei ús aksjes út te stean hat. Dy binne fleurich, posityf en ynklusyf. Dêr hawwe wy fan it publyk gjin ferkeard wurd oer heard.

    De measte Sis-Tsizers ferwachtsje derwol wat fan om de dyk op te gean, om de mienskip mear bewust meitsjen fan harren moaie taal en de rjochten om dy goed te learen en sa de saak op de aginda fan de polityk te setten.
    Wa’t ienkear mei ús meigien is om struibrieven út te dielen, rekket fêst motivearre troch de positive reaksjes fan de minsken op e’ dyk. As wy mar ienkear fan inoar wite, hoe wiis as wy mei ús memmetaal binne, dan is de striid foar goed ûnderwiis al foar in grut part wûn.

  9. Abe desimber 18, 21:43

    It is ivich spitich dat SisTsiis earst te krijen hie mei it besykjen út FNP-hoeke wei om de provinsjale koalysje út ‘e wyn te hâlden, dêrnei mei lju dy’t it noadich achten om as SisTsiis by de nasjonalistyske Betinking oanwêzich te wêzen, ferfolgens mei lju dy’t it net in goed idee achten om in stifting SisTsiis op te rjochtsjen, en doe nochris mei lju dy’t it ferdomden om yn oerlis in aginda foar aksjes ôf te praten dy’t yn oerienstimming wêze soe mei it minskerjochtedoel fan SisTsiis. Dizze tsjinwurking fan binnenút (troch Huisman, De Groot, Dykstra, Boorsma) hat soarge dat it momentum fan de moaie desimberdemonstraasje ferlern gie, wylst de provinsjale polityk ûnderwilens tiid krige om syn ,,Frysk ûnderwiis oer 12 jier”-plan troch de Steaten te krijen. Dêr’t gjin inkelde tsjinstân tsjin kaam, noch út de Fryske maatskippij, noch fan de FNP. Wat oerbliuwt is in lyts groepke goedwollende hinnen sûnder kop dy’t noch ien of twa kear mei twa, trije, fiif of tsien minsken mei wat flyers omrinne sil, en dêrnei hearre wy der noait wer wat fan. Tankewol, en lokwinske mei de positive ynbring, Piter Dykstra, FNP, Ried fan de Fryske Beweging – jimme hawwe troch jim aksjes en foaral gjin aksjes de etnisearring fan it Frysk ûnderwiis wer in stik tichterby brocht.

  10. Rob desimber 19, 12:19

    Dat dit binne de foarstanners foar mear foech foar Fryslân en it Frysk. Mar as it net slagget dan hat Hollân it dien. It liket hjir wol in lyts Galjysk doarpke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.