Archeologysk ûndersyk yn en om stedhûs Boalsert

desimber 3, 2018 10:18

Efter it stedhûs yn Boalsert is úteinset mei archeologysk boaiemûndersyk. “Mei in bytsje gelok fine we spoaren fan foar de midsiuwen”, seit wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

It ûndersyk, dat útfierd wurdt troch archeologysk advysburo RAAP, giet foarôf oan de ûntwikkeling fan it Histoarysk Sintrum Westergo yn ’e stêd. De fernijbou fan it stedhûs begjint yn de rin fan takom jier.

“Oer it âlde sintrum fan Boalsert is noch net folle bekend”, seit Yvonne Boonstra, archeolooch fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Wy witte dat de stêd boud is op trije terpen, dy’t ús foarâlden makken om it wetter op ôfstân te hâlden. Boalsert lei eartiids oan in âlde see-earm, de Marneslinke.” De namme Boalsert komt nei alle gedachten fan Bodelswerth, wier (terp) fan Bodil. Dy namme waard foar it earst fermeld op alfde-iuwske munten. It plak krige yn 1455 stedsrjochten.

Nei alle gedachten sille by it boaiemûndersyk wenlagen oantroffen wurde út de midsiuwen (500-1500) en nije tiid (1500-no). Dêrby kin tocht wurde oan houten en stiennen spoaren fan huzen, wetter- en bearputten en sleatten en/of grêften. “It âldste dat yn in oare terp fan Boalsert fûn is, is in keukenservys fan sa’n twatûzen jier âld. Op sa’n fynst hoopje wy no ek”, seit Boonstra.

As it wurk bûtendoar klear is, wurdt ek yn it stedhûs sjoen. Dêr wurdt ek yn ’e grûn groeven en besjogge archeologen oft der noch spoaren en fynsten feilichsteld wurde moatte. Belangstellenden kinne fan in steger ôf by de opgravings sjen. It wurk sil nei alle gedachten op syn minst seis wike yn beslach nimme.

desimber 3, 2018 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*