Aant Mulder: Praat my net fan bisten!

desimber 4, 2018 06:58

Kollum

Praat my net fan bisten. Ik ha der neat mei. Dat gie hiel lang goed. Mar no’t bern en bernsbern mei bisten oansetten komme, wurdt it allegearre wat lestiger. Ik fernuverje my deroer wat dy bisten allegearre meie. It lykje hast wol gewoan bern. Sa wurdt hjoed-de-dei ek oer dy bisten praat. Húsdieren ha fuotten, liif, noas en sa. Bisten frette ek net mear, mar se ite en dat jildt eins foar alle oare tiidwurden krekt sa. Der wurdt ek mei dy bisten praat as soene se alles begripe. Ik sis wolris gewoan fan ‘bist’ en dat ‘it bist fretten ha moat’, mar dan wurdt ik daliks korrizjearre. Pake, hy hjit fan (of noch frjemder) sy hjit fan Noor. Jimme kinne it leauwe of net, mar ik fertiizje deryn. Wat ik altyd sei, kin neffens de bern en bernsbern net mear troch de mesken. Mar hoe’t sy oer húsdieren prate en der benammen mei prate, dat bin ik net fan doel.

Yn sa’n situaasje moat men likegoed kritysk nei jinsels sjen. Ik begûn mei te sizzen, dat ik neat mei bisten ha. Dat is hielendal net wier, mar dy opmerking hat mei dy betizing te krijen. Bisten binne foar my gewoan bisten. Sa wie dat doe’t ik in skoaljonge wie en op in komelkersspultsje wenne. Wy hiene in pear kij, keallen, bargen, hinnen en der rûnen ek katten en in hûn om. Us heit en mem pasten goed op de bisten. It wie har bestean en de húsdieren hiene nut as it om mûzen en rotten gie. De húsdieren kamen ek gewoan yn ’e hûs en frieten fan wat oerbleau en fan en ta slynden se fan dingen dêr’t se ôf te bliuwen hiene, de molke bygelyks. Dan waard yngrepen. Jûns en nachts wiene bûthús en skuorre har plak. De hûn hie in namme, dat wie Bijke. De katten waarden nei skaaimerken neamd, lykas de Trijekleur, de Boarre en sa fierder.

Kom dêr no ris om. Se frette, sorry, se ite ek net mear wat oerbliuwt. Der is no in grut ferskaat oan iten te keap. Se hoege nachts ek net mear yn in hok of sa. Sy ha yn de wenkeamer gauris eigen katte- of hûnemeubilêr. Net dat se dêr in protte mei dogge, want se ha ornaris de hiele húskeamer ommers wol mei alles wat deryn stiet om yn of op te lizzen. It hoecht jin ek net te fernuverjen as hûn en katten jûns mei nei boppen ta geane en har by it bêd fan it baaske of sels op dat bêd deljouwe. Der is wat feroare, dat is dúdlik. De húsdieren ha eigen iten, eigen boartersguod, eigen kuorren of peallen. De bistespesjaalsaken hâlde der in goed bestean oan oer. Datselde jildt hieltyd faker foar de bistedokter. Middels foar dit of foar dat, operaasjes, it heart der allegearre by. Dat moat fansels betelle wurde. Hieltyd faker wurde dêr fersekeringen foar ôfsletten. Foar deagean, sorry ferstjerren, as it om kremaasjes en begraffenissen giet, wurde fansels wer oare fersekeringen ôfsletten.

Yn myn eagen wiene doedestiden bisten gewoan bisten. Hjoed-de-dei hearre bisten, húsdieren hast gewoan by de húshâlding en sa wurde se ek behannele. Se moatte it goed fan iten en drinken ha, let en set wurde. Bisten frette net mear, krije gjin fretten, mar se ite en krije iten. Bisten skite en mige ek net mear. No ja, dat dogge se wol, mar dat wurdt no oars beneamd. Dat sei ik eins al. Ik fyn it lestich, mar it wurdt helte lestiger as ik oer in jonkje of in famke prate moat as ik it oer in hûn of in kat ha. Dat doch ik út mysels net. As ik it al doch, dan doch ik dat om’t bern en bernsbern dat graach wolle. Dan moat ik ek sizze dat ik har útlit om’t it in famke is. Jimme begripe it al, ik sis fan him. Dat bin ik sa wend. Ik sei altyd en ik sis noch: De ko, ik moat him noch melke, De kat hat syn jongen fuorttôge, en sa fierder. Ik krij lykwols hieltyd faker te hearren dat ik dat net goed doch. Mar hoe sit dat taalkundich no krekt?

Wy ha net allinne mei manlike en froulike bisten, mar ek mei manlike en froulike wurden te krijen. Dêr sit de oast. Ik ha opsocht wat de Taalunie der foar it Nederlânsk oer seit. Dêr stiet dat de measte bistenammen de-wurden binne en dan brûke we hy, him en syn. Bistenammen dy’t allinne mar tsjutte op froulike bisten (liuwinne, wolvinne, ko, hin) krije sy, se en har. Dat it liket, dat ik de striid ferlern ha. Mar fierderop stiet dat yn it noarden fan it taalgebiet gauris mei manlike foarnamwurden nei froulike bistenammen ferwiisd wurdt. Foarbylden: ‘Zie je de koe daar in de verte?’ ‘Nee, ik zie hem niet.’ ‘Daar ligt de kat.’ ‘Hij heeft gisteren gejongd.’ ‘Onze hond heeft niet genoeg melk om zijn jongen te zogen.’ Sa is it wol dúdlik. Tagelyk wurdt dus sein dat it benammen jildt foar it noardlik taalgebiet en dat hieltyd faker, as it biologysk geslacht dúdlik is, dat oanholden wurdt. De taal feroaret dus wat it oantsjutten fan bisten oanbelanget. Dat is dúdlik, mar wat ik sis doocht dus ek wol, noch wol.

Likegoed fersin ik my. Ik sykje by de Taalunie. It is aardich om te witten hoe’t it yn it Nederlânsk sit, mar ik praat Frysk. Hoe sit it te uzes? Dat moat ik witte. Wat soe Popkema yn syn Grammatica Fries deroer sizze? Dêr les ik dat we gjin ûnderskied meitsje tusken manlike en froulike de-wurden en dat by alle de- en it-wurden gewoan ferwiisd wurdt mei hy/it, him en syn. Allinne as de- en it-wurden dúdlik froulike bisten oantsjutte, brûke we sy, se en har. Dêr stiet ek de sin mei dat hiele earste moaie begjin: Hoewol’t froulike bisten gewoanwei mei hy oantsjut wurde komt de ferwizing mei hja of sy ek foar. Dat wurdt dien om de klam op it froulike bistegeslacht te lizzen of op grûn fan de persoanlike foarkar fan de sprekker. No sa. Nije wike lit ik him gewoan wer út. Dat moat wol om’t de bern wurkje en de bernsbern nei skoalle ta binne. Oars koene sy har wol útlitte. Sa ha we beide ús sin!

De foto’s komme út it famylje-album fan de Mulders
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

desimber 4, 2018 06:58
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Henk Wolf desimber 4, 14:11

    Ik kin der foar in goed begryp noch by sizze dat de Taalunie mei ‘noorden’ it hele stik Nederlân noardlik fan de grutte rivieren bedoelt (rûchwei). Dat is it gebiet dêr’t yn de sprektaal it ferskil tusken manlike en froulike wurden net mear bestiet en dêr’t dus allinne de-wurden en it-wurden ûnderskaat wurde. Yn it suden (dus Flaanderen en de súdlike provinsjes fan Nederlân) komme yn de sprektaal by in protte sprekkers noch trije wurdgeslachten foar (‘de tafel en haar poten’, ‘de stoel en zijn poten’, ‘het krukje en zijn poten’)

  2. Johannes desimber 4, 18:03

    Aant Mulder, it is: nim my net kwea ôf. Fierders machtich moaie ferhalen. Elke kear genietsje ik der wer fan.

  3. Rob desimber 5, 12:41

    Sa haw ik der nea oer tocht. Ik sis yn it Nederlânsk as ik it oer in ko haw: ïk zie hem staan”, mar haw it wol oer “haar kalfjes”. By hûnen, wêr’t ik mei opwoeksen bin, en katten, dy’t ik no haw, sis ik wol””zij/haar” as it in froulik bist is. Myn heit sist noch wol altyd “hij” as er it oer ús hûn hat wylst it (dan dus sels gjin hy of sy?) dochs wier in teef wie. Leuke kollum.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.