Aant Mulder: Mei lege hannen of net

desimber 25, 2018 07:00

Kollum

Hoe soene we werom komme? Mei lege hannen of net. Dat tocht ik doe’t we ferline wike tiisdei mei-inoar ûnderweis wiene nei De Haach ta. Wy wiene dy deis fan doel om dêr de middels om healwei twaen oan de fêste keamerkommisje fan Ynlânske Saken in petysje oan te bieden.
De Fryske Beweging wol dat guon dingen dy’t yn de nije Bestjoersoerienkomst foar Fryske Taal en Kultuer steane dúdliker steld wurde en dat it gjin skoften hoecht te duorjen foar’t resultaten helle wurde. Dat wurdt yn dy petysje frege en dy ha we mei ús sânen oanbean.

Sa’n petysje oanbiede is likegoed noch in hiel o-heden. Soks moat yn ’t foar oanfrege wurde en dan kinne datum en tiid ôfpraat wurde. De groep dy’t de petysje oanbiedt mei net grutter as acht minsken wêze. Yn ’t foar krije jo rjochtlinen tastjoerd oer wat al en net mei. As jo der dan binne, moatte jo earst registrearre wurde. Dat begjint mei de legitimaasje. Dan krije jo stikkers taparte. De earste is om dúdlik te meitsjen dat jo komme om in petysje oan te bieden; mei de twadde kin it debat yn de Twadde Keamer in skoftke folge wurde. Dy plakplaatsjes moatte fansels sichtber droegen wurde. Jo krije sels in muntsje foar in kopke kofje! As dat allegearre klear is, kinne jo opskowe yn de rjochting fan de befeiliging. Alles wat detektearre wurde kin, moat yn bakjes. De smartphone, it horloazje, de beurs, riem, skuon en dêr stean jo dan! Ik begryp it wol, mar dochs. Wy komme gewoan om wat te freegjen! Hawar wy kinne wer fierder. Dat ha ’k lykwols ferkeard begrepen. Wy bliuwe daliks oan ’e oare kant fan de befeiliging stean yn wat se dêre de ‘Statenpassage’ neame.

Ik hie earst wol in jas kwyt wollen, mar oer in garderôbe wurdt net praat. Ik ha ek guon boekjes meinommen om oan te bieden, dy’t ik eins wol op in tafel of in steantafel dellizze wol. Dy binne der net. Dat dêr stean ik dan, mei de hannen fol guod. Wy moatte yn dy passaazje stean bliuwe om’t guon leden fan de fêste keamerkommisje diskant út komme om te hearren nei wat we te sizzen ha. Wy steane dus gewoan yn ’e gong en oaren rinne algeduerigen pratend yn en út troch dizze hege stiennen en suver galmjende romte. Wy steane der ek net allinne. It hat der alles fan dat mear petysjes oanbean wurde. Hawar, ús foarsitter hâldt in treflik ferhaal, mar ik freegje my ôf oft dy keamerleden dat allegearre wol hearre kinne yn dy kakofony fan lûden. De keamerleden ha belangstelling, dêr leit it net oan. Dy belangstelling docht benammen bliken út it tal kommisjeleden en Fryske keamerleden dat delkommen is. It docht ek bliken út de petearen dy’t we, nei’t de petysje oanbean is, mei-inoar ha. We wurde gewaar dat de keamerleden net it measte fan ús krewearjen ôf witte. Tagelyk fernuveret it ús dat de keamerleden har sa posityf foar it Frysk oer opstelle. Mar we ha te faak bliid west mei in deade mosk! Wy ha net omdoch de siswize: sizzen is neat, mar dwaan is in ding! Wy moatte mar ôfwachtsje. De oare deis krij ik lykwols al in mailtsje dat de fêste kommisje der daliks oer prate sil en net wachtsje wol oant yn jannewaris. Soe ’t dan dochs?

As we dêrnei in stikje fan it debat yn de Twadde Keamer dat giet oer de fleantugen boppe Lelystêd, bywenje wolle, rint dat by de yngong al stomp. Wy hiene net ferwachte dat we dy deis al lêst fan dy fleantugen ha soene. Dat is dus likegoed wol sa. Yn ’t foarste plak docht bliken dat ús kaartsje net mear jildich is en dat we in nijenien yn in oare kleur helje moatte. Mei dat kaartsje moatte we gewoan wachtsje oant we oan bar binne. Dat wurdt dus neat, want wy moatte ek noch werom.

Gearfetsjend soe ik sizze kinne dat we net fierder kommen binne as de gong. Dêr kin ik mar min oer. Thús waard altyd roppen as immen by de doar of yn ’e gong stie, dat dy der wol ynkomme koe. Immen dêr stean litte waard ûnfatsoenlik fûn. Dêr moast ik op dat stuit oan tinke! Dêr op dat plak koene we sizze wat we te sizzen hiene. Hoewol’t de reaksjes dus wol minder kinnen hiene, moatte we dochs mar ôfwachtsje wat derfan komt. It sil my nij dwaan oft we mei dizze petysje wat bedije! Ik ha der net daliks in hege mûtse fan op. Dêr moatte we it op dat stuit likegoed mei dwaan. Tagelyk betink ik dat it oanbieden fan petysjes sa’t dat no dêre yn ‘e gong regele wurdt, de ôfstân tusken de politisy en ús earder grutter as lytser makket.

Der bekrûpt my in soarte fan werkenning. Wat foar jinsels freegje oan oaren dy’t fan betinken binne dat sy it foar it sizzen ha. De nammen fan Malorix en Verritus komme my yn ’t sin. It sil de measten wol neat sizze, want Fryske skiednis wurdt op skoalle net jûn, mar it binne twa Fryske foaroanmannen dy’t yn de earste iuw nei Kristus nei Rome teagen om te freegjen oft se it greidlân tichteby de Ryn wol brûke mochten. Se waarden let en set, waarden Romeinsk steatsboarger, mar kamen wol mei lege hannen werom. Wy wurde net let en set. Wy binne suver al bliid dat we yn ’e gong steane. Steatsboarger hoege we net mear te wurden. Wy freegje ek net om greidlân mar om wat mear romte foar ús Fryske taal. As it goed beteart, kin it best sa wêze dat we resultaten helje, dat it Frysk sichtberder wurdt, dat it Frysk earder in gewoan fak op de basisskoalle wurdt. Likegoed betink ik op ‘e weromreis dat we noch hieltyd net witte oft we mei lege hannen werom komme of net.

Foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.’

 

desimber 25, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric desimber 25, 20:29

    Taal sûnder selsbestjoer = kânsleas

  2. Ferdinant desimber 26, 22:47

    Mar Aant dochs: hat de Christen Unie net tasein dat sy in útstel yntsjinje sil om plysjeweinen fan in twatalig opskrift te foarsjen!?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.