Aant Mulder: Lokkich mei minder

desimber 31, 2018 07:31

Kollum

Okkerwyks stie der yn de Ljouwerter krante in artikel oer de Fryske paradoks, dat we lokkich binne mei minder. Lokkich mei minder jild. Lokkich, wylst we it mear as oaren ha moatte fan sosjale foarsjenningen as bystân, Wajongregeling en maatskiplike ûndersteuning. Dat is de útkomst fan tal fan ûndersiken, ûndersiken dy’t ik ornaris op in pypfol ha. Likegoed fyn ik diskear de útkomst wol nijsgjirrich. De minsken om my hinne reagearje op dy paradoks gauris mei typysk Fryske siswizen lykas: Wy ha it bêst genôch, It koe minder en It is my sa wol nei ’t sin. Sok foarsichtich formulearjen giet ús wol goed ôf. Tink mar oan: It is wol aardich, Dat mei ’k wol lije, It komt wol goed, Dat is wol yn te nimmen. Sa sizze we de dingen graach. Dat jildt net allinne as it om gelok en sûnens giet, mar yn guon gefallen ek as it om jild en oare dingen giet. Foarbylden: Jild makket net lokkich. Dat kostet in pear sinten, In aardige sint ha, In sinterske negoasje of In sintersk dinkje en Wat is jild? De hûnen wolle it net iens frette. Ik jou ta, der binne ek oare siswizen. Wa’t relativearret is grif earder tefreden mei wat er hat en dy sil grif ek earder lokkich wêze. Dêr bin ik eins wol fan oertsjûge.

Yn in oersjoch yn datselde artikel stiet dúdlik dat de ynwenners fan Fryslân hast allegearre (92%) fine dat se lokkich binne. Dat is yn Súd-Hollân en Flevolân wol oars. Tagelyk tinke party ynwenners fan Fryslân (97%) ek hiel posityf oer de eigen sûnens. Sjoch en dêr komt datselde relativearjende yn ’e taal wer om ’e hoeke. Wy binne aardich sûn. En as we dat net binne, dan ha we wat ûnder de lea of binne we net rjocht by de tiid. Wy kinne ek wat heal of net rjocht halich, gammelich, goarrich wêze of lêst fan in jacht, in goarre ha. Wy sjogge der dan ek wolris minnich út. Ik jou it opnij ta, ik hie ek oare minder relativearjende wurden en siswizen neame kinnen.

Likegoed hâld ik út dat we as Friezen yn ’t Frysk ornaris aardich relativearje kinne en dat we dat faak mei nocht en wille dogge. Oan ’e oare kant kinne we ek wol dúdlik wêze. Okkerwyks ûnderweis nei De Haach yn petear oer de wynmûnen yn de Flevopolder, de sakjende feangrûnen yn Súd-Hollân, de hieltyd bredere en drokkere autodiken, de hege gebouwen, de fleantugen hiene we samar sizze kinnen dat we dêr yn Súd-Hollân, dêr’t se it leechst skoare op gelok, dea net lizze wolle soene. Dat sizze we as we earne perfoarst net wêze en der al hielendal net bliuwe wolle. Is dat dúdlik of net! Foar Fryslân jildt suver it omkearde. Dêr ha ’k in moai foarbyld fan. Prof. dr. Tony Feitsma hat dat treflik ferwurde. Doe’t dy fan ’e dominy hearde dat se yn har berteplak Brantgum begroeven wurde koe, moat se sein ha: “Dat is in stik bûter yn de brij.” No sa! Dat we lokkich en sûn binne, dat we ús yn alle gefallen lokkich en sûn fiele, sa’t dat no út ûndersiken nei foaren komt, wisten we sels al folle earder, dat is wol dúdlik. Oars hiene we ús eigen Fryslân fansels ek nea “it bêste lân fan d’ ierde” neamd.

Wy relativearje graach. Wy hoege net ryk te wêzen om ús ryk te fielen. Wy hoege ek net folslein lokkich te wêzen om ús lokkich te fielen. It liket ús net om utersten te gean, it binne earder de nuânsen dy’t derta dogge. Wy sykje om wat we mienskiplik ha. Ik tink oan it Fryske lânskip, de Fryske kultuer, de Fryske taal en wy witte dat we foar in grut part yn lytse mienskippen wenje, dat we inoar kenne en as dat net sa is dat we dan wol freegje wêr’t de oare weikomt of fan wa’t er ien is. Dat makket grif dat we ominoar tinke en dat we wat foar oaren dwaan wolle. Fryslân hat neffens dyselde ûndersiken de measte frijwilligers. It giet ús dus folle mear om wat foarinoar te dwaan, mei-inoar derop út te gean, foarstellingen del te setten as om jild. Wy meitsje sa gearwurkjend in eigen sosjale kulturele wrâld, in wrâld dêr’t we ús yn thúsfiele en ús ek noch feiliger yn fiele as yn oare provinsjes. By dy eigen wrâld hearre eigen noarms. It is dêrom hiel ferfelend dat we altyd foldwaan moatte oan noarms fan oaren. Wy fiele ús mei-inoar ferbûn. Lit dat no krekt wêze wat de boargemaster fan Rotterdam graach foar syn stêd wol. Hy wol de ferbining werom, de ferbining dy’t se dêr kwytrekke binne. En wa wol dat no net! It makket ommers dat groepen foarinoar oer komme te stean. Dat sjogge we hieltyd faker, dat we de oar begripe moatte, wylst dy oar ús net begripe wol. It is spitich dat we der yn Fryslân op oansjoen wurde dat we dêroan meidogge. Dat komt trochdat aksjefierders fan om utens diskant út kamen. It wurd blokkearfriezen bliuwt hingjen. As we der net om tinke, binne we dat aansten sûnder dat we dat wolle allegearre.

Wy binne dus lokkich. De krante hat wat de trochsneed fan de ynwenners fan Fryslân oanbelanget wol gelyk. Likegoed witte we wol dat we nea allegearre lokkich binne en wa’t lokkich is, sil dat grif net altyd wêze of bliuwe. Om de krystdagen en âld en nij hinne krije we de yndruk dat it allegearre net folle moaier, better en lokkiger kin. Op ’e telefyzje binne it allegearre moaie plaatsjes en moaie ferhalen. Dat byld doocht net, mar it is krekt of wolle we dat oare wol efkes ferjitte. Nee, wy witte wol dat net elkenien mear gelok hat as syn eigen en dat guon it gelok oan ’e kont hinget. Der binne – jimme liezen it al – ek aardich wat siswizen dy’t mei gelok te krijen ha. Ik wol dizze lêste ‘Gewoan Frysk’ fan dit jier ôfslute mei jimme mei wer in oare siswize ‘folle lok en seine’ ta te winskjen.

Yllustraasjes: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 31, 2018 07:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.